Weppers freed 28-3

SDS League: "Yn de geast fan Happel" pakt wykpriis!
27 maart 2014
Ut-en ferslaggen sneon 29-3
28 maart 2014

SDS F1 yn de beker
SDS F1 spilet moarn in grutte wedstriid. Sij sitte as ienige SDS-team noch yn de beker en moatte sjen in ronde fierder te kommen yn de wedstriid tsjin Frisia F4. De wedstryd wurdt spile om 9.00 oere yn Ljouwert.

Dizze flagge kin moarn wol wer brûkt wurde

Efkes Balje
It is wer freed en dan giet it wer oan op freedtejûn om 19.30 oere. Noch ien kear yn de wintertiid it Efkes Baljen en nije wike op de simmertiid.

Seleksje 2
SDS 2 – Zwaagwesteinde 2
13.30 der wêze
14.30 fuotbalje

Ayanle, Sjoerd, Bauke, Jelte P, Gerrit, Feite, Dirk, Anne, Bote, Jort, Sjoerd, Tjeerd, Ralph en Willem.
Flagger: Klaas de Haan

Seleksje SDS 4
Nijland 3 – SDS 4
12.45 der wêze
14.00 fuotbalje

Broer Jacob, Sytse H, Andries, Bram, Douwe, Jelmer, Arjan, Rick, Gert Jan (de earste), Gerlof Jan, Thomas, Wouter Jan, Gert Jan (de twadde)

Twa kear
Feite de Haan hat dizze wike wat mei 2. Ôfgrûne sneon fuotballe mei SDS 2, twa kear fuotballe(by SDS 1 en 2), twa kear twa penaltys tsjin, juster twa kear traind(mei SDS 1 en 2) en moarn mei SDS 2 thús tsjin Zwaagwesteinde 2 fuotbalje. Wy hoopje op 2-0……

Perioadekampioen en/of koprinner?
It kin moarn noch wolris drok en spannend wurde op de Skoalleseize. SDS 2 moat om 14.30 tsjin de nûmer 5 Zwaagwesteinde 2 en as de Westereenders winne dan pakke sy de 1e Perioade en wurde koprinner.
SDS 2 stiet 7e mei 3 punten efterstân op koprinner Knickerbockers. By winst stiet SDS 2 dus boppe-oan…..

Tredde klasse A
Kommende sneon is it ynheljen. Yn de tredde klasse A stiet alinne de wedstriid Mulier 1- Oudehaske 1 op it programma.

Sealfuotbal
Woansdeitejûn fuotballe it sealteam fan Oosterlittens harren lêste wedstriid. Nei dit seizoen is it dien mei giel-read yn de seal.

Muzyk
Wij kinne it net litte om ek foar dit wykein wer wat muzyktips te jaan.  Jûn is der fariaasje genôch op
Freeze on Friday (en wij tippe Voskov’s Grodzemods om 20.45 yn Romein en dêrnei om the Flying Trashcans om 22.00 oere) moarntejûn slingert Harry syn Hé Amsterdam wer yn it Dielshús en snein kin jong en âld wer nei de Bluescruise yn Noflik. En miskien spilet ien fan de korpsen ek noch wol earne……

Harsens derby(1240)
Hielendal gek nei in goal fal je oer in hekje en dan blykt de goal ek noch ôfkeurd: