Ut-en ferslaggen sneon 29-3

Weppers freed 28-3
27 maart 2014
Weppers snein 30-3
29 maart 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers (ek SDS 4), bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!



Tiid Wedstryd
11:00 SDS D3 – Ouwe Syl D2

2-1

14:30 SDS 2 – Zwaagwesteinde 2

1-2

12:15 SDS B1 – Frisia B3

6-0

10:15 MINI LEAGUE F Pupillen
09:30 SDS D2 – SDS D1(oefen)

1-3

09:00 Frisia F4 – SDS F1(beker)

3-7

10:30 Oudehaske C1 – SDS C1

2-1

15:00 Scharnegoutum VR1 – SDS VR1
14:00 Nijland 3 – SDS 4

3-0

SDS 2 – Zwaagwesteinde 2
In busfol Westereenders wiene ôfreizge nei Easterein. It iene part stie yn it fjild en it oare part stie efter it stek. Tegearre mei de supporters fan SDS 2 seagen sij in boeiende pot fuotbal mei wikseljende kânsen. It earste heal oere wie SDS 2 fierwei de better ploech. Under in waarm sintsje reinde it kânsen. De 1-0 fan Ayanle wie in meagere ôfspegeling fan it ferskil.
De lêste 10 minten fan de earste helte liet Zwaagwesteinde sjen dat se harren hjir net samar ôfslachtsje litte. Se krigen it better ûnder kontrole en it wie dien mei de de grutte kânsen foar SDS.
Yn it skoft hie de koach fan de gasten wierskynlik sein dat de mouwen efkes opstrûpt wurde moasten om hjir te winnen.
Dat hie gelyk al effekt. In lange bal, sa’t er in hiel soad wiene, soarge foar wat misbegryp efteryn bij SDS en it stie 1-1 foardat de lêsten de hite kofje yn de kantine ophiene.
It like wol at SDS te folle krêften ferspile hie want it goeie spul wie der net mear. Der wiene noch wol wat kânsen mar de wil fan Zwaagwesteinde om te winnen wie hiel grut. Ek sij krigen grutte kânsen. It koe alle kanten op mar de kâns dat de wâldsjes skoare soene like grutter.
En doe’t minút 90 op de klok stie wie dêr dochs de treffer. Foar de pleoch dy’t de earste helte goed troch kommen wie en de twadde helte mear in echt winnersmentaliteit sjen liet.

SDS B1- LAC Frisia B3 
Hjoed hie SDS B1 de taak omzich te revancheren nei in pynlik verlies tsjin Zeerobben.
We wisten dat at we disse wedstriid winnen wolle we mei 100% inzet moasten foutbalje.
Want de utwedstiid wunnen we krekt mei 2-1. We krigen hjirby de hulp fan Almar,Wiebe
en Remon die meidienen wegens blessures en oare omstandigheden.
 
1e helt:
We begonnen de earste helt sterk, mei it hiele team drukzette en prebearje us eigen spul
te spielen. Hjirtroch krygen wy it earste kertier in soad kansen. Helaas bliuwden die nog onbenut.
Us possitiespul waard minder en it drukzetten gong ek net hielendal mear goed. Toch krygen
we nog wol in kans Gerwin kaam 1 op 1, syn earste poging waard stoppe maar ut de rebound
tikte hy de bal binnen. Helaas waard de goal ofkeurt, omdat de keeper syn han op de bal hie en
dat wie foar de scheids genoch om de goal oftekeuren. De keeper rakke hjirtroch wol blesseare
en moast yn de letste minuut foar rust wisselt wurde. De ynfalkeeper kryg metien in lestige taak,
want wy krygen een vrije trap. Op ungeveer 20 meter en Wiebe (Heeres) knalde de bal goed binnen.
In moai ein fan de earste helt.
 
2e Helt:
De 2e helt begonnen we zwak, mar toch scoorden wy snel de 2-0 en 3-0. De omskeakeling
waard in bytsje us tactiek, trochdat wy it foutballend net mear op brochten om Frisia fourt
te spieljen. Gelukkig wurkte dit wol hiel goed want we bleauwden er gefaarlik
utkommen en dit resultearre yn nog 3 doelpunten. Al mei al miskien net foutballend us beste
wedstriid fan it seizoen, mar mei ynset komme jo al hiel fier!
 
Doelpuntemakkers:
1-0 Wiebe Heeres
2-0 Almar
3-0 Almar
4-0 Habtamu
5-0 Habtamu
6-0 Wiebe Heeres
 
Gr,
Habtamu de Hoop

D1 – D2  3 – 1
Onder een strakke blauwe hemel werd D1 volledig weggespeeld door D2 in de eerste helft. Een absoluut compliment voor het goede veldspel van de mannen van Theo en Ferry. D1 was te slap in de aanname, de passing en het verdedigen. Gelukkig stond Mark als sluitpost een berepartij te keepen! In de tweede helft was D2 een beetje leeggespeeld. Een paar goede uitbraken leverden ook twee goals op bij D1 met een werkelijke wereldgoal van Hendrik, die nog geboren moest worden toen van Basten tegen Den Bosch precies dezelfde goal maakte. Weekendquiz:In welk jaar was dat?
Tjerk

SDS D2  –  SDS D1:     1  –  3
Op in prachtige dei sa as ofrune sneon net fuotbalje omdat der in beker/ynhelprogramma is, kin fansels net. Omdat ek us D1 net hoechde te baljen, hiene we in oefenpotsje tsjin elkoar betocht. Under ideale omstandichheden wie de oftrap om healwei tsienen. Op papier in oefenpotsje, mar de mannen woene fansels net fan elkoar ferlieze. De mannen fan D1 binne oer it algemien wat alder, grutter en sterker. Mar yn de earste helte liet D2 sjen dat se prima fuotbalje kinne. De ynset wie geweldich en mei betiiden goed kombinaasjefuotbal wiene we sels de boppelizzende party. Fansels krige ek D1 kansen, mar lykas Mark (D1) stie ek Jeffrey (D2) geweldich te keepen. Dochs kaam D1, in bytsje gelokkich, op foarsprong. Mar de mannen fan D2 lieten de kop net hingje en giene op syk nei de gelykmakker. Dizze gelykmakker kaam noch yn de earste helte, en wat foar ien !!! Ruerd pegele de bal yn ‘e krusing. Mar D2 woe mear en der waard nochris flink gas joen. Tsien minuten foar de rest fersierde Tjitse in penalty. Hy gie sels efter de bal stean, mar Mark wist wer de bal komme soe en stoppe de penalty. Foar rest noch in grutte kans foar Tjerk, mar wer wie it Mark die yn it paad lei.

De twadde helte is meastal net us sterkste helte, mar dizze kear bleauwden we earst noch wol aardich fuotbaljen. Mar healwei de twadde helte wiene we leech spyle, like it wol. We kamen der net mear ut en D1 naam it iniatief oer. Tsien minuten foar tiid kaam D1 op een 2 – 1 foarsprong. Yn de allerleste sekonde makke Hendrik van der Eems, a la Marco van Basten,  in  prachtige goal. Einstan 1 – 3.
Jeffrey, Bartle, Eeltsje, Douwe Jan, Wiltsje, Tjitse, Luka, Ruerd, Tjerk, Stan, Anco, Jurjen, Arjen en us oanfierder Michael hawwe in hiele goeie wedstryd delsetten. Undanks it ferlies, twa hiel tefreden coaches. Nye wike spylje we foar de  kompetysje tsjin Frentsjer. Mei dizze ynset en dit fuotbal wit ik seker dat we trye punten pakke!!!! 

Theo.

Frisia F4 – SDS F1
Skitterend waar en in prachtich stikje grien keunstgers wie de basis foar wer in bekerkraker. Bij winst binne we bij de leste 8! De mannen wiene der klear foar en nei 6 seconden lei de bal dan ek al yn it net. In beste foarset fan Arjen en Redmer W makket it prima of, 0-1!.  Krekt sa as de oare kearen stiene we dus al rap foar en dan wolle de jongens eins allegear nei foaren om ek te skoaren, en dan steane der te min efteryn, en dermei waard de 1-1 ek al gau oantekene troch Frisia. Undanks dat we net makkelik fuotballen makken we dochs al rap de 1-2, Redmer W. Dit koe wol ris syn dei wurde…. De opdracht foar de wedstriid wie net rinne mei de bal mar oerspylje! Arjen ek in meester yn soleren, hie dit hiel goed begrepen en makke ek de assist foar nr 3 en nr 4, beide troch jawol Redmer W. De 1-5 wie fan Doede in, prachtiche folley fanof de midden line, yn 1 kear ien’e goal! Dit wie de reststan.
2e helte wie in slappe start en de sterke spits fan Frisia dy’t hieltyd in meter efter Niels stie, krige 2 djippe ballen en makke dizze goed of, 3-5. Frisia krige toch de oerhan yn bytsje. Mar krekt sa as it hiele seizoen is de 2e helte fan F1 foaral yn it ein sterker as de de measte ploechjes. We krigen mear romte op it midden en dertroch koene we der in pear kear goed utkomme wat wer 2 goals oplevere troch Redmer W! Einstan 3-7!
Redmer S, Sjirk, Niels, Gjelt, Doede, Ate, Redmer W, Jorrit, Jesmer, Arjen, jongens in beste pot fuotballe! We binne bij de leste 8! Hope op in moaie lotting mei kans op de finale dei!
In grutske lieder.

Efkes Balje
14 man en dan in partij spylje fan 6,3 tsjin 6,3. Raar? Nee! It technysk duo fan D2 Ferrie en Theo hiene beide dizze wike in blessure oprûn. Kinst ús mar foar 30 % rekkenje, seine de mannen en se krukten wol watyn de opwaarmminuten. Mar se wiene der wol.
It wie fanôf dat momint wis dat se net bijelkoar sitte soene yn de partij. Team Ferrie koe it yn de grutte partij net hielendal oprêde tsjin team Theo. It wie mear as Theo tsjin Ferrie. It wie ek Wouter tsjin Remco, it wie ek Hendrikus tsjin Bertus, it wie Jek ohan tsjin Pieter en  it wie Tjerk tsjin Harrie.
Doe’t de klok healwei 9 oere sloech wiene de twa wykeinbeslissende doelpunten fan belang. Syb Overal en Johan Heerma soargen der doe foar dat team Ferrie hiel tefreden werom sjen  kin op it moai oerke fuotbal.