SDS League: "Yn de geast fan Happel" pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 27-3
26 maart 2014
Weppers freed 28-3
27 maart 2014

Dit wykein wienen der mar in pear wedstriden yn de Eredivisie. It liket derop dat de teams ûnderyn de SDS League hjir fan profiteard hawwe. Sa pakt Aant Hofstra “Yn de geast fan Happel”(stie 65e) de wykpriis mei 23 punten. De “Jodan Boys”(Jeroen Brouwer stie 57e) en “Id’s(de Boer) my life” komme krekt in puntsje te koart en Feite de Haan(stie 68e) 2 puntsjes.


Dit is “yn de geast fan Happel”!

Op ‘e nij hawwe wy twa koprinners. “Tsjalling Sikma sjocht wer ris boppe-yn mei “FC Dronryp” en wy tinke dat Doede Kooistra wat te betiid boppe-oan stiet mei “Te Let”.

“Op nei de Top”(Marten Faber) is alwer op it paad werom. Hy sakket fan it dielde earste plak nei it 8e mei mar 7 puntsjes.

Ek yn de SDS League sjogge je werom dat it goed giet mei Ljouwert. Sa steane der by de earste 15 mar leafst 2 Ljouwerters(Ralph en Feiko) en ien Liwwarder(Jaap de Blaauw)…….

“FC De Boer”(Rients) hat lykas Frank de Boer in wykein frij naam mei mar 4 puntsjes. Dêrmei hat hy de reade lantearn noch mei beide hannen fêst lykas Frank de Boer hast de kampioensskaal.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 6.