Weppers freed 25-11

Seleksjes sneon 26-11
25 november 2016
Sneon 26-11
25 november 2016

SDS 4

It giet sneon net troch. Te min Hegemers dy’t sneon beskikber binne.

Skiedsrjochters

Fuotbal is in in hiele aardige sport fine wij mar je hawwe der meastal wol in skiedsrjochter bij nedich. Gelokkich binne der hieltyd mear (jonge) fuotballers mar ek net fuotballers dy’t harren ynsette as skiedsrjochter. Fluitsje is net altyd like maklik, it akseptearjen fan beslissingen is somtiden noch dreger…. Lit ús, wat de resultaten ek binne, net ferjitte de skiedsrjochter tank te sizzen foar it fluitsjen. Dus net allinne de oanfierder mar ek oare spilers soen wat mear bliid wêze moatte dat er immen wie dy’t fluitsje wol. Dus….in wurdsje fan tank oan de skiedsrjochter soe  nei ôfrin in fêste gewoante wêze moatte.

Efkes Balje

Benijd at wij sneon de belibbenissen fan de Efkes Ballers ek wer lêze kinne, no’t de fêste skriuwer hjir is. Want jûn om 19.30 giet it wer los yn Easterein.

Perioade

Om in perioadetitel te winnen moat SDS 2 oer 10 wedstriden de measte punten ha yn harren klasse. Sneon bij winst tsjin Nijland 2 is de buit binnen. Sjen dus om 14.30 oere yn Easterein.

Slachterin

At jim moarn tinke, hee, wat binne der hjoed in dravers op de dyk  (en op it fytspaad Wommels-Easterein bygelyks) , dan hat dat te meitsjen mei de Slachterin, dy’t yn Wommels start. De 21 km giet ek fia Kûbaard, de Kliuw, Reahús, Easterein wer nei Wommels. No’t SDS 3 frij hat, tinke wij dat meardere fan dizze mannen de 10 kilometer drave….(of harren froulju drave litte).

Slachterin (2)

Nee, de Slachterin begjint net by ús stiper slachter Murk…….

Alde doaze

fjild-sds-1970

Fanôf de tsjerketoer in byld fan it SDS kompleks, út de tiid dat er noch in grut en in lyts fjild wie en op grevel traind waard….

SDS-FIFA-2017-toernoai

Hasto dy al oanmelden foar it SDS-FIFA-2017-toernoai op freed 9 desimber yn de kantine?
Lês der hjir alles oer!

Harsens derby (1797)

Noflik!