Weppers freed 20-11-2020

Weppers woansdei 18-11-2020
18 november 2020
De technyske stêf en de fersoarger fan SDS 1 tekenje by!
21 november 2020

Programma sneon 21 novimber

9.00 oere SDS-Minileague

9.00 – 10.00 oere Miks-toernoai JO8,9 en 10.

10.30 – 11.45 oere JO15-1 – JO15-2

Drafe…..mei bal!

Wy sjogge hieltiten mear SDS’ers drafen no ’t de Koronarigels der noch altiten foar soargje dat der net fuotballe wurde kin. Fan fieren sjogge je al oan de drafende SDS’ers al dat sy eins leaver efter in bal oandrafe. Mark Postma is it libbende bewiis dat je dêrfoar net per sé op in fuotbalfjild hoefe te wêzen. Yn 2014 draafde hy in maraton mei de bal oan de foet.

Betterskip!

De trainer fan JO19-1 Henk Mulder moat de kommende tiid rêstich oan dwaan fan de dokter. Hy sil dan ynkoarten noch “omleiden” wurde moatte. Remco Bervoets sil de training fan de JO19-1 op tiisdei op him nimme en Douwe Posthuma de training op tongersdei. Wy winskje Henk in protte betterskip en hoopje him gau wer op it fuotbalfjild te sjen.

SDS EK-League

Der fanút geande dat it EK fuotbal fan ’t simmer gewoan trochgiet kinne wy wol fêst melde dat wy ek wer in SDS EK-League organiseren gean. No al nocht yn!

Rûntsje foar de klup!


Je kinne SDS stypje troch in “rûntsje foar de klup” te jaan. Ynmiddels hawwe wy al fan 25 lju wat krigen en dat is hielendal net sa gek. Lês der hjir mear oer en klik hjir om in rûntsje te jaan.

Goals opromje

It giet hartstikke best mei it oprêden fan de goals nei it trainen, mar graach der al om tinke dat it fjild leech is nei it trainen sadat de terreinmannen it fjild tidich ûnderhâlde kinne.

Harsens derby (2272)

Toet, toet!!