Rûntsje foar de klup! Spesjale krystaksje!

SDS-League: Froulju oan de top dizze wike!
8 december 2020
Weppers freed 11-12-2020
11 december 2020

Jou ús klup no in rûntsje en win in krystgroet oan dysels of wa asto mar wolst fan in spiler fan sc Heerenveen!
Wat wolst noch Veerman?
Siem de Jong tekent contract voor anderhalf jaar bij sc Heerenveen | NU -  Het laatste nieuws het eerst op NU.nl
In oar mei ek!

Hjirûnder kinst alles lêze oer it jaan fan in ‘rûntsje’.

No ’t de kantine al in skoft net op folle krêft iepen is en ek noch wol in skoftke ticht bliuwe sil misse ‘wy’ neist de gesellichheid en de waarmte in soad ynkomsten.
Dêrneist binne der noch wol in soad kosten.

Om te foarkommen dat de Skoalleseize en yndirekt dêrmei ek SDS finansjele problemen kriget komme wy mei in aksje yn gearwurking mei ús sportyf partner sc Heerenveen.
Us leden stypje ús al bot troch gewoan harren kontribúsje te beteljen, ús sponsers al troch harren sponserjild oer te meitsjen en de ‘Freonen fan SDS’ troch ek no wer it Freonejild te stoarten, mar it soe moai wêze as wy op dizze manier dochs noch wat ekstra ynkomsten generere kinne. Alles mei it doel om nei dizze ‘koronakrisis’ wer ‘gewoan’ troch te kinnen mei wat wy dienen.

Jou dyn klup in rûntsje!

No’t je yn de kantine net in rûntsje jaan kinne wolle wy jim oproppe om online in rûntsje te jaan oan SDS.
In rûntsje is in donaasje ter waarde fan in rûntsje yn de kantine.
Dit kear gjin drankje werom, mar it sil al helpe dizze tiid troch te kommen en daliks wer fierder te kinnen op de manier sa ’t wy dat wend binne!

Ja, ik jou in rûntsje!

Elkenien mei meidwaan. Hoe mear rûntsjes, hoe better!

In rûntsje kostet €20,-. Do kinst ek in kwart rûntsje, heal rûntsje of  in slinger oan de bel jaan troch meardere rûntsjes te jaan!

Sjoch foar mear ynformaasje op www.rondjevoorjeclub.nl

Sc Heerenveen hat alfêst it goeie foarbyld jûn troch de earste 10 rûntsjes te jaan! Hjir binne wy tige wiis mei!
#tegearewinnewymear

Dizze aksje dogge wy tegeare mei vv Nijland om ’t wy tegeare sportyf partner binne fan sc Heerenveen.