Weppers woansdei 18-11-2020

Werom nei 2009
17 november 2020
Weppers freed 20-11-2020
20 november 2020

Wer los!

De rigels binne juster wer wat ferlichte wat betsjut dat de senioaren fan SDS  ynstee fan yn groepkes fan twa wer yn groepkes fan fjouwer traine meie…….

Net mei iens…….

De KNVB is it net iens mei de nije rigels sa ’t dy steld binne. Sy wolle fierdere ferromming:

Afbeelding

Betterskip!

De trainer fan SDS JO19-1 Henk Mulder wurdt hjoed “omleiden”. Wy winskje him in protte súkses ta en alfêst in hiel soad betterskip!

Programma sneon 21 novimber

9.00 oere SDS-Minileague

9.00 – 10.00 oere Miks-toernoai JO8,9 en 10.

10.30 – 11.45 oere JO15-1 – JO15-2

Foarearst gjin SDS-ledengearkomst

Oars hawwe wy yn novimber altiten de jierlijkse SDS-ledengearkomst. Dat wurdt foarearst neat y.f.m. der Koronarigels en wy foarearst net fia de kompjoeter of tillefoan soks dwaan wolle om gjin leden út te slúten. Wy sille sjen as wy yn febrewaris no in útstelde ledengearkomst dwaan kinne.

SDS-jubileum

Yn 2022 bestiet SDS 75 jier. Dat moat fansels fierd wurde. Sa stikemwei hawwe wy al wat ideetsjes foar as it sa fier is. Mochten jim ek in idee hawwe mail it dan nei info@vv-sds.nl.

Rûntsje foar de klup!


Je kinne SDS stypje troch in “rûntsje foar de klup” te jaan. Ynmiddels hawwe wy al fan 25 lju wat krigen en dat is hielendal net sa gek. Lês der hjir mear oer en klik hjir om in rûntsje te jaan.

Harsens derby (2271)

It liket sa makkelijk útslagen foarlêze,……….