Weppers freed 14-9-2018

Weppers woansdei 12-9-2018
12 september 2018
Sneon 15-9-2018
14 september 2018

De nije SDS-League

De SDS-Leagues graach moarn ynleverje foar 19.00 oere! It ynskriuwformulier en de útlis fan de nije SDS-League kinne jim hjir fine. Der lizze ek noch wol formulieren yn de kantine.

Stân fan saken yn de beker

De bekerstriid rint al wer nei de ein. Yn dit oersicht kinne jim sjen hoe’t it der foar stiet mei de teams fan SDS.

SDS 1- sc Bolsward 1

Om 14.30 de beslissende wedstriid yn de bekerpoule fan SDS 1.  Allinne de winst telt foar SDS 1. De seleksje wurdt om 13.15 op de Skoalleseize ferwachte en hawwe om 13.30 oere in besprekking. Dit is de seleksje:
1 Jaap
2 Bauke
3 Erik
4 Marco©
5 Remco
6 Ewout
7 Matthijs
8 Frank
9 Habtamu
10 Pieter
11 Lourens
12 Jacob-Klaas
13 Watze
14 Hendrik

WPB 2- SDS 2 g.n.t., dus SDS 2 is troch yn de beker!

SDS 2 soe om 11.30 yn Snits oantrede, mar de wedstriid tsjin WPB giet net troch. WPB 2 blykt ek út de beker stapt te wêzen lykas Blauw-Wit ferline wike. Dat betsjut dat SDS 2 troch giet yn de beker, want sy hawwe fan Leeuwarder Zwaluwen wûn 2 wiken werom.

Harkema-Opeinde 2 – SDS 2

Om ’t SDS 2 net hoecht te bekerjen geane sy moarn te oefenjen nei de Harkema. Sy fertrekke om 11.00 oere en fuotbalje om 12.30 oere. Dit is de seleksje:
Marten, Ruurd, Jurjen, Wiebe, Lieuwe, Arjen, Dirk, Niels, Jildert, Inne, Jort, Anne, Pieter (?), Ralph, Hendrik en Yward.
Jurjen, Inne, Ralph en Hendrik meie ride.

sc Franeker 3 – SDS 4

Nei twa wedstriden is SDS 4 útskeakele foar in ferfolch mar se wolle fansels wol winne fan sc Franeker 3. Sy moatte om 15.00 oere yn Frjentsjer fuotbalje en fertrekke om 13.45 oere út Easterein. Dit is de seleksje:
Rick H, Gertjan, Steffen, Paddo, Jelmer P, Hallema, Doede D, Igor, Allert, Haye J, Johan, Wivi, Thomas en Remon.

SDS VR 1 – WPB VR 1

Om 14.30 op fjild 2 de wedstriid fan SDS VR1. It giet net mear om de beker. Oudega hat al twa kear wûn en giet troch.

Socht

Beste allen, 

Ik ben nog op zoek naar een paar voetbalschoenen maat 35. Sokken en andere schoenen zijn in ruime mate aangeleverd! Heb je nog een paar 35 liggen en wil je ze missen: Stuur een bericht naar foarsitter-jeugd@vv-sds.nl en ik kom ze halen.

Groet Tjerk

Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhuhhuhhhh!!

Bauke Dijkstra is hjoed 30 jier wurden! Tige lokwinske!

Harsens derby (2050)

Toet, toet!