Sneon 15-9-2018

Hjoed de lêste wedstriden fan de earste bekerronde. Nije wike begjint de kompetysje.

20:30 SDS VR2 Oosterlittens VR1 freed
20:50 SDS VR2 GAVC VR2 freed
19:50 Friesland VR1 SDS VR2 freed
20:10 Warga VR1 SDS VR2 freed
09:00 SDS JO12-2 Zeerobben JO12-4 2-2
09:00 SDS JO11-1 Franeker SC JO11-1 3-6
09:00 SDS JO8-1 SJO Warga WWS JO8-1G 7-4
09:00 SDS MO15-1 SC Bolsward MO15-2
10:30 ST SDS/Nijland JO19-2 Franeker SC JO19-2 2-3
10:30 SDS JO13-1 Makkum JO13-1 8-0
10:45 SDS JO15-2 Frisia JO15-4 5-2
12:00 SDS MO17-1 SC Bolsward MO17-1 2-1
14:30 SDS 1 SC Bolsward 1 4-0
14:30 SDS VR1 Waterpoort Boys VR1 4-1
08:45 Workum JO9-1 SDS JO9-1 1-4
10:15 VC Trynwalden JO17-1 SDS JO17-1 7-2
10:15 Oeverzwaluwen JO11-1 SDS JO11-2 26-1
11:30 Harkema-Opeinde 2 SDS 2 (oefen) 0-5
11:45 SWZ Boso Sneek JO12-1 SDS JO12-1 5-3
12:15 Makkum JO15-1 SDS JO15-1 1-2
13:00 Workum JO15-3G SDS JO15-3 2-5
13:45 SWZ Boso Sneek JO17-3 SDS JO17-2 2-0
14:00 MKV’29 JO19-1 ST SDS/Nijland JO19-1 2-3
15:00 Franeker SC 3 SDS 4 5-0
Workum JO9-1 SDS JO9-1 1-4
Sneek Wit Zwart JO 9 SDS JO9-2 11-10

SDS 1 wint en is troch yn de beker

SDS 1 wûn sneon mei 4-0 fan sc Bolsward en is troch yn de beker. Remco Hylkema makke nei sa ’n 25 minuten spyljen de 1-0. SDS wie better en gunde sc Bolsward net in kâns. SDS hie foar de rêst noch wol mear goals meitsje kinnen, mar woe it blykber spannend hâlde. sc Bolsward mei âld-SDS’ers Redmer Strikwerda en Arjan Posthumus koe hjir net folle tsjinoer sette, mar sa lang as it 1-0 bliuwt, kin it alle kanten noch op. Yn de twadde helte makke Habtamu de Hoop hjir al gau oan in ein oan troch in prachtige pass fan Pieter Sijtsma moai ôf te ronden. Yn de lêste 10 minuten wie it good-old Hendrik de Jong dy ’t noch efkes twa goals der yn prikte en dêrmei sjen liet hielendal klear te wêzen foar it kommende seizoen en klear om syn 100e kompetysjegoal te meitsjen.
Nije wike start foar SDS 1 de kompetysje mei in útwedstriid tsjin Oeverzwaluwen. Oeverzwaluwen hat sneon mei 4-1 thús wûn fan Woudsend (tiisdei noch de oefenpartner fan SDS 1). Oeverzwaluwen is net troch yn de beker. QVC wûn alle trije wedstriden en waard earste yn de poule foar vv Heerenveen. Oeverzwaluwen waard tredde.
SDS 1 hat in knappe tarieding hân op it nije seizoen wêr ’t it der op liket dat de jonge hûnen folwoeksener wurde en sjen litte èchte mannen te wurden. SDS jout gjin kâns fuort en hat it geduld om mei kreas kombinaasjefuotbal te goal te sykjen. Benijd wat dit de earste kompetysjewedstriden opleverje sil!

SDS Vr.1 wint mei 4-1 fan WPB Vr.1

SDS Vr.1 hat sneon knap mei 4-1 wûn fan WPB Vr.1 Spitich wie al dat Lysanne Wiersma al gau mei in knibbelblessure útfoel, Wy winskje har in bult betterskip!

Doelpunten fan Sieta, Marije, Kisten en Femke.

SDS 2 wint oefenwedstriid

SDS 2 hat sneon de oefenwedstriid tsjin Harkema-Opeinde op de Harkema mei 5-0 wûn en liket hielendal klear foar de earste kompetysjewedstriid kommende sneon thús tsjin Leovardia 2.

SDS JO19-1 wint


MKV JO19-1 – SDS JO19-1 2 – 3 (beker)
Nei 2 ferliespartijen tsjin Warkum en FVC, wie it wol wer ris tiid foar in oerwinning. It 1e fan SDS no wol hielendal kompleet, wertroch de JO19-1 op folle oarlochssterkte nei Ljouwert ofreizigje koe om it der op te nimmen tsjin MKV. Oanfang wedstriid om 14.00u en mar leafst 16 spylers op papier, wat in weelde. Hjirtroch koe 1 spyler him ek noch permiteare om him te fersliepen……
Op in net al te best gersfjild wie de earste kans foar SDS. It wie Wesley, die mei in knap skot de keeper fan MKV teste. Mar syn fusten en de latte foarkamen in foarsprong foar SDS. Al gau dernei sjocht it der in pear kear efteryn by SDS net goed ut. Hjirtroch stiet it nei 10 minuten al 2 – 0 foar MKV.
Is MKV dan sa folle better ? Nee, it is wol in aardich elftal, mar SDS is beslist net minder. SDS wurdt hieltiid sterker en mei nammen Hendrik en Sjoerd binne in plaach foar de ferdiediging fan MKV. Nei in kwartier makket Hendrik de oanslutingstreffer nei moai foarbereidend wurk fan Sjoerd. Fiif minuten letter is it alwer gelyk, ek dizze treffer wurdt makke troch Hendrik. Kin SDS de twadde helte trochdrukke ? It liket der wol op. Der wurdt troch eltsenien folop striid levere. Us jongens eagje konditioneel better en einliks is it wachtsjen op de winnende treffer. De mannen fan MKV lizze hieltiid faker op e grun troch blessures en/of kramp. Sa probearje se ut alle macht om dit lykspul fest te halden. It liket derop dat dit slagget, want nei 90 minuten is it noch hieltiid 2 – 2. Mar dan is der de 93 minut…… Wytse Yntema passeert as in echte rjochtsbuten syn tsjinstander en jout in perfekt ofdraaiende foarset op Wesley. Hjir wit Wesley wol ried mei en kopt de bal knap tsjin de touwen. Qua skoareferloop op syn Duts, mar de oerwinning is mear as fertsjinne.
Theo.

SDS JO 11-1 uit de beker na nederlaag

Met opwekkende muziek van Armin van Buren in de box tijdens het omkleden probeerde de coach zijn team op te scherpen en een signaal hiermee af te geven! Maar de ontspanning was om 09.00 uur gelijk weg zonder scheidsrechter geen voetbal wat bleek de aangewezen persoon was er niet dus mijn rol werd geen coachen maar fluiten en Karst nam het coachen over.
De eerste minuten was voor Franeker en kwam terecht op 0-1.
SDS werd wakker en werd ook wat feller en kwamen wij terecht op 1-1.
We kregen de kansen op 2-1 maar helaas als je zelf niet scoort doet de tegenstander het 1-3 hier gingen wel wat dingen fout vooraf! ruststand 1-3.
2e helft was er gelijk na het fluitsignaal strijd en beleving supporters die nog aan de koffie zaten misten de 2-3 en het geloof 3-3 kwam er ook Wiebren met zijn 3e!! Maar helaas we kwamen toch wat te kort. Inzicht , geen bewegende medespelers, slechte passen , communicatie! Hierop besloot de voortreffelijke invaller scheidsrechter d.vinke maar na 31 minuten met een 3-6 eindstand de wedstrijd stop te zetten.
Kortom werk aan de winkel en sommige moeten een tandje erbij!
Groetjes Dennis

Sneek Wit Zwart – SDS JO9-2      11-10

In kuorkebalútslach. SDS stie earst mei 8-1 efter en kaam goed werom.

Letter mear!