Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
20 april 2007
Wepperkes -moandei-
23 april 2007

Wichtige punten!!
SDS 2 pakte juster yn Harns tsjin Zeerobben 3 wichtige punten. Der waard mei 4-1 wûn. Frans Bode fan Zeerobben makke ferskeidene foto’s. Klik hjir om se te besjen.


Hoera in soan
Folkert Rients Vellinga, spiler fan SDS 5 lit ús witte dat hij en syn frou Elbrich sneon in soan krigen hawwe. Fansels winskje wij harren lok mei dit heuchlike feit. Jelle Tiede is de namme fan de soan.

21 april yn byld
Der binne fan dy dagen dat wij wat foto’s meitsje fan in oantal saken. Sa as de wedstryd fan SDS F4 en F5 , it ôfskie fan Anne Brouwer en de neisit. Sjoch
hjir.

Kaaibonke
Broer Jacob Greydanus, spiler fan B2 hat sneontemiddei syn kaaibonke brutsen bij de wedstryd tsjin ONSTOP B3. Wij winskje him betterskip.

Twa kear giel is dochs read
Wichard Deinum spiler fan  SDS 3 krige sneon in giele print  yn de wedstryd tsjin YVC 2.
Tsjin Oeverzwaluwen mocht hij ek ynfalle bij SDS 1 en wer krige hij giel.

Unik
Sneon wie de grutste oerwinning bij de senioren fan SDS foar SDS 6. Sy wûnen mei 1-8 fan sc Joure 6. Wij kinne ús net heuge dat soks earder sa west hat. Bij de jeugd die D2 it prima mei in 8-0 oerwinning

Paul oan it wurd
Yn de Ljouwerter Krante fan sneon op side 13 fan bijlage Sneon en Snein mei Paul syn miening jaan oer in wrâldske saak. Bush is net syn favoryt sa konstateare wij.

Grutte minsken, grutte glêzen……..
Feite de Haan wie foarige wike op trainingskamp. Mei û.o. Chris Wassenaar wie hy nei Appelskea om it keatsen wer wat ûnder de knibbel te krijen. Neffens ús hat Feite yn Appelskea ek wat oars leard……….

Twifel?
Soe bondscoach Marco van Basten no noch net twifelje???(klik hjir).

Futsal: SDS 1 derop út!
SDS koe juster fiere dat sy net streakrjocht út de haadklasse degradeard binne. In goeie reden om der efkes op út. Sy gienen nei Ljouwert. Koenen sy lyk mei Kees Jansen it kampioenskip fan Blauw-Wit 1 fiere.

Efen (ts)ien foar it iten…..


Kees Jansen hie in goed sin.


Gjin spilers fan Blauw-Wit mear te bekennen, mar gelokkich wienen der noch wat SDS’ers om mei feest te fieren………


Sels Willem hâlde him oan de kleanfoarskriften…………

Toto
Wêrom docht dy Louis van Gaal eins noait oan de Toto mei??
‘Het hotel voor de bekerfinale was al vóór de wedstrijd geboekt’ 
De voorspellende gave van AZ-trainer Louis van Gaal kwam voor het duel met NAC opnieuw tot uiting
 


Letter hjoed mear!

Nijs of reageare?
Mail nei
ús!