Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
21 april 2007
Wepperkes -tiisdei-
23 april 2007

Reidhintsje behindich nei 5 doelpunten
Je soene tinke, it reidhintsje is wat brotsk yn dizze tiid fan it jier maar alles behalve dat.
Yn de wedstriid CSC D2 tsjin SDS D1 wer ‘t de utslach 0 – 5 wie, skoarde it reidhintsje Jan Friso Bruinsma mar leafst 5 kear. Hij sil fêst de topskoarder fan sneon 21 april west ha.

Futsal: SDS 1 feilich
SDS 1 is op de lêste spyldei behâlden bleaun foar de Haadklasse. Trochdat Exstador wûn fan ZVVS is SDS 1 ien nei ûnderst wurden. Sjoch hjir foar de einstân(klik
hjir). No moat der heechstwierskynlik noch al neikompetysje fuotballe wurde.

In dei nei Zeerobben ta!

Om kertier oer alven stie ik op it terrein der en kertier foar fiven riid ik der wei. Mei 4 punten yn de bûse en in tefreden gefoel. SDS B1 spile in aardige wedstriid tsjin in mat en somtiden frustrearre Zeerobben.

In oerwinning hie kinnen as we de kânsen benut hienen en gjin eigen goal makke hienen.

Mar hawar, it puntsje wie ek moai(klik hjir foar it hiele ferslach).

Dernei flagge by SDS 2. Die spilen in knappe wedstriid tjsin Zeerobben 2 en wûnen mei 4-1. In fertsjinne oerwinning die it twadde de neikompetysje besoarge.

Dernei noch efkes nei Nylân ta foar it folleyballen fan de frou en dernei COVOS 1. En ek efkes fan de âld fuotbalmaten yn Nylân it ferhaal heart oer WPB-Nylân (1-0). Ofkarde goals, núvere beslissingen fan de skieds en sels net skoare wie it ferhaal. Healwei tsien oere oan in gleske bier en in stikje stokbôle…

Klaas

Nije Treffer
Folgende wike komt de nije Treffer alwer út. As jim noch wat hawwe mail it dan nei
detreffer@vv-sds.nl!

Ynhelprogramma
Der is tiisdeitejûn in ynhelprogramma foar senioren. SDS 6 spilet om 19.00 thús tsjin Delfstrahuizen, wylst SDS 3 nei Koudum ôfreizget en SDS 5 yn Toppenhuzen oantrede moat

SDS League
Moarn is hjir de nije stân fan de SDS League te besjen.

Studzjereis nei de Kuip
Tiisdei in fotoreportaazje fan de stuzjereis fan in oantal SDS-ers nei de Kuip.

Roger
Robert Sybesma tinkt by Roger fan Ajax allinnich mar oan Rogers blunder tsjin Werder Bremen. Yn Spanje tinke sy by Roger hiel ergens oars oan. Sjoch
hjir, hjir en hjir mar………..

Nea wer nr. 14
By Ajax sil der nea wer ien fuotbalje mei nûmer 14 ter ere fan Johan Cruijff. Dochs hawwe yn de rin fan de jieren alwer hiel wat Ajax-spilers dit sjurt al oan hân en dat wienen ek net de minsten. Hjir it hiele rygje(klik
hjir).

De BESTE
Wy sjogge no al út nei de speech fan Louis van Gaal folgende wike……..(klik hjir).

Nijs of reageare?
Mail nei ús!