Wepperkes -sneon-

Utslaggen 21 april
20 april 2007
Wepperkes -snein-
21 april 2007

Noch 2 kaarten

Der binne plotseling noch twa kaarten frijkaam foar moarn, dit vanwege in ôfmelding. Minsken dy’t noch geïnteressearre binne kinne kontakt opnimme mei my: 06-54385633.
De bus giet moarn om 10.00 oere fuort, dus wês der snel by!!
Groetnis DYS

Op nei de Kuip
Moarn is it alwer safier: op nei De Kuip, Rotterdam. In oprop oan alle dielnimmers dy’t meigean om om 10.00 oere by de sportfjilden yn Easterein te stean!! We wurde om in oer as 21.00 wer werom ferwachte yn Easterein. Soad hoecht der net meinaam te wurden, in folle beurs is echter wol oan te rieden. Drinken is oanwezich yn de bus.
Ferjit de Feyenoordsjaal of flagge net….!!

Hert ûnder de riem
Sjoerd van Beem, in echte Feansupporter jout lûd.
By dizze wol ik alle misken dy’t kommende snein yn de bus nei Rotjeknor ôfsette, in noflike dei tawinskje.
Hâldt de fleur der yn en lit jimme dei net bedjêrre troch in steltsje semi-profs dy’t der heechstwarskynlik toch neat fan bakke.
Ik ha begrutsjen mei en tagelyk ek bewûndering foar jim. 
(mwhahaha)
Oant de 29e yn it Abe Lenstra Stadion!
Groetnis, Sjoerd (Feanfan).

Bân plakke
Harm-Auke Dijkstra moat hjoed fuotbalje mei SDS 6. Of moat der bân plakke…….of lit der de bân fan syn Ford Escort plakke(klik hjir).

De aksje fan dizze wike
Al in pear dagen binne wij yn de ban fan it doelpunt fan Messie. Yn
dit filmke (tip Tsjeard Hofstra) sjogge jim de fergeliking mei it doelpunt fan Maradona.
Wij stelle der fuort mar in fraach bij:
Hoe faak rekken beide spilers de bal oan en mei welke foet.

Skoallefuotbal (twadde oprop)
Op woansdei 25 april is it skoallefuotbaltoernooi yn Easterein. Tusken 13.30 en 17.15 binne der wat skiedsrjochters nedich. Wa’t dizze middei efkes fluitsje wol, kin him melde bij
Syb Overal.
In diel fan de middei kin fansels ek. It moat dochs wol trochgean?

Ome Jaap 50 jier!!
Wytmarsumer, Mulierman en SDS-supporter Jaap Haitsma fiert hjoed syn 50e jierdei. Fan herte lokwinske!
Klik hjir om him te felisiteren!

Letter hjoed mear!

Nijs of reageare?
Mail nei
ús!