Wepperkes (freed)

Seleksjes SDS 1 en 2 moarn
17 september 2004
Nije wike ljocht yn Wommels
17 september 2004

2 wedstriden yn 2 dagen
SDS E4 hie it fan ‘e wike drok. Sy spilen 2 wedstriden yn 2 dagen. Sy hellen 3 punten. Hoe? Dat kinne jimme
hjir lêze.

2 wedstriden op 1 dei
Tseard Halbersma krijt it moarn lekker drok. Hy stiet sawol by SDS 1 as 2 op papier neffens ús bron.

Ûnderskatte?
SDS 2 spilet moarn thús tsjin De Weide. Je soenen sizze dy komme net fier hjirwei en roppe meast “booeee”. Dochs kinne sy Easterein net fine. Dit lêzen wie yn hun gastenboek.

Afzender: Bossie – vrijdag, 17 september 2004 om 8:49

Wil je weten waar Easterein ligt ga naar www.routenet.nl voer 8734gs in en je ziet dat het echt in the middle of nowhere ligt. Voetballen op de vlakte krijgt weer een nieuwe dimensie.

Soe der sprake wêze fan ûnderskatting? Jimme kinne hjir klikke foar it gastenboek fan De Weide 2.

Wêr wie Hampie?
De kantine wie tongersdeitejûn net iepen, wylst der 19 man trainden fan SDS 3,4 en 5. Ek spilers fan SDS 1 en 2 wienen fan Wommels nei Easterein ta tôge om efkes ien yn de kantine te keapjen. Degene dy ’t kantinetsjinst hie wie nergens te finen. Letter die bliken dat Harm Auke gewoan by Titus in bierke kocht en noait mear oan ‘e fuotbalkantine tocht hie. Hy hie sels gjin bier regele yn ‘e bestjoerskeamer. Titus hie in gouden jûn, want der wienen mear dy ’t syn kantine fûnen. 

Moai regele
Harm Abma wie woansdei nei Ajax Juventus west en hie de training fan de B-s útsteld. Yn de wittenskip dat der tongersdei fêst wol in diel fan it fjild yn Wommels frij wie. Dat wie net sa, en sa koe it barre dat Harm mei syn hiele seleksje yn de wite bus nei Easterein gie, om dochs noch efkes te trainen. Nei ôfrin waard de bus wer foltroppe en koe der yn Wommels brûsd wurde.

Tarin fan spilers
It liket er op dat de regionale funksje dy’t SDS hat hieltyd grutter wurdt. Ofroune tongersdei wiene der (nije) leden út Winsum en Turns op de training fan SDS 3,4 en 5.
Ek út Boalsert en Lollum wiene se oanwêzich, sadat je mei rjocht sprekke kinne fan SDS- Easterein en fiere omkriten.

Strafskoppen
By SDS veteranen waarden der 3 strafskoppen mist yn de bekerwedstriid tsjin Heech. Yn it ferslach waarden de spilers dy’t misten mei namme en tanamme neamd want soks moat elkenien wol witte. Yn it ferslach stie net wa’t de 2 strafskoppen nommen hiene dy’t wol rekke wiene. Dat mei elkenien ek wol witte: Ype Tiemersma en Sipke Hiemstra skoorden. Sy binne der wis fan dat sy in folgende kear wer meie.

It goeie antwurd fan “
Wat soe Willem hjir tinke?”.

Wy krigen noch ien oplossing binnen fan ‘e wike fan Aant.
Gelokkich is dit Sprengers en net Nijpels oars krij ik aansens ek noch in tút“. (Aant Hofstra)
Helaas wie ek dit antwurd net goed. It goeie antwurd wie: “Moat ik mei dizze lillike keardel yn ‘e Boalserter Krante”?