Nije wike ljocht yn Wommels

Wepperkes (freed)
17 september 2004
SDS League: Twa koprinners
17 september 2004

It like in swiere befalling te wurden: it pleatsen fan ljochtmêsten op it fuotbalfjild yn Wommels. Fergunning dit, fergunning dat : it giet net allegear sa maklik tsjintwurdich.
Krekt krigen wy it berjocht fan Rienk Wiersma dat it rûn is. De wethâlder fan Littenseradiel hat in (griene) ljocht jûn en no kin it los.

Alles lei fierders klear dus hat men besletten om moarn de boel te pleatsen, sadat der nije wike by ljocht traind wurde kin.

Bliid dat it noch krekt op tiid slagge is en neffens foarsitter Rienk moat er grutte tank útgean nei Marco Hoekstra, dy’t him fanút it Skoalleseizebestjoer oergriislik ynsetten hat om dit klear te krijen. Ek wethâlder Jelsma moat net ferjitten wurde. It die bliken dat hy de sport en de ynset fan frijwilligers noch wol in waarm hert tadraagt.

Hulde!!

Ek yn Wommels skynt no jûns ljocht.