SDS League: Hylke Flapper pakt de wykpriis!

Weppers woansdei 4-3
3 maart 2009
Weppers tongersdei 5-3
5 maart 2009

It is Hylke Flapper dizze wike dy ’t mei syn Fla(flip)pers” de wykpriis pakt. Dit is hiel ferrassend om ’t Hylke foar in wike noch ien nei ûnderst stie en no dus in k(f)lapper makket nei it 71e plak.
hspace=0
Hylke hat alle reden ta laitsjen.

It hiele wykein seurde Jacob-Klaas ús oan ‘e kop oer wêr ’t hy op ynternet de punten fan alle spilers fine kin. Wy begripe no wêrom. Hy pakte mei broerke Erik mei “Vakkie 13” mar leafst 47 punten en komt sa op it 2e plak. 

Mar leafst 7 spilers fan de A-seleksje, en de fersoarger, steane yn de top 10 fan de SDS League. It is “Tsjeard”(Halbie)  dy ’t dizze wike de kopposysje pakt.

“It klikt wol” fan Aant Hofstra hat dizze wike aardich koartslúting hân. Hy sakket fan it earste plak yn ien kear nei it 19e plak. Wy hoopje foar Aant dat hy gau de klik werom fynt.

It is dizze wike “Bosk United” fan Ivo Donath dy ’t de reade lantearn oernimt fan “De Flyers”(Tamme de Boer).

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 3.