Weppers tongersdei 5-3

SDS League: Hylke Flapper pakt de wykpriis!
4 maart 2009
Weppers freed 6-3
6 maart 2009

Gjin trainen
It trainen fan SDS 2 en 3 giet jûn net troch.
Klaas Okkema

Gjin trainen (2)
Ek it trainen fan C2 giet net troch. Geert Dijkstra

ONT 2 – SDS 2
Neffens de webside fan de KNVB wurdt de ôflaste wedstryd tusken ONT 2 en SDS 2 ynhelle op tiisdei 31 maart om 20.00(sjoch
hjir).

Midsimmercup 2009
Ek dit jier sil der wer in (mannen)team SDS’ers meidwaan oan de Midsimmercup yn Dronryp. Dizze wurdt ferspile op sneon 13 juny.
De froulju fan SDS steane op de reservelist.

SDS 3
Sjoerd van Beem wol net al te folle wurden smoarch meitsje oan it ferlies fan SDS 3 tsjin VVI 2, mar wol in pear(klik
hjir).

Scheidsrechters gezocht.
Door de ziekte van Jelle de Boer en de reserve Andre Bons, en het toevoegen van een extra team (6e) is er een structureel probleem ontstaan met de scheidsrechters. Voor de komende speelronden krijg ik de invulling van de wedstrijden niet meer rond. Daarom een dringende oproep aan iedereen met scheidsrechters kwaliteiten om zich te melden bij ondergetekende. We hopen dat het tijdelijk is, en dat Jelle en Andre spoedig mogen herstellen. 
Vriendelijke groeten, 
Andre Vink scheidsrechterscoordinator v.v.SDS

SDS-dropkes
Set mar fêst yn de aginda dat op freed 3 april de SDS-jeugd wer by de doaren lâns giet mei dropkes. Allegear keapje dus.

Bynammenkwis
By SDS is it net sa dreech. Eltsenien wit wa by welke bynamme heard. Sa wit eltsenien dat dit:

de bynamme fan Auke Hiemstra is. Wy binne benijd as jim dizzen ek allegear witte (klik
hjir).

Scorpion-kick
Ea makke Willy Carbo in prachtige goal foar FC Twente. Doe wie der noch net in namme foar, mar sûnt de knotsgekke keeper, René Higuita, út Colombia hyt dit in “scorpion-kick”. De folgende bylden komme ek út Colombia. No witte jim presys wat wy bedoele: