Weppers woansdei 4-3

Weppers tiisdei 3-3
2 maart 2009
SDS League: Hylke Flapper pakt de wykpriis!
4 maart 2009

Kontraktferlenging

Freedtemoarn hat SDS it kontrakt mei de haadsponsor mei in jier ferlingd.
Nei in lekker bakje kofje mei hearlike griene keek troch Luci self makke bin de papieren tekene en gean we yn elts gefal noch in ier mei-elkoar fjirder. Siep liet witte dat American base ynkoarten ek in eigen webstee krije sil hokker troch ús oare sponser Freez.it makke wurd. Ynkoarten hjiroer mear. 
 
Enne Bruinsma

Keepertraine
Keapje noch mar wat extra waskmiddelen yn tidens de Poiesz-jeugdsponseraksje want moarn (tongersdei 5 maart) gean we wer los mei keeperstrainen. 
Ik hoop dat de keepers tidens de winterstop hun konditie goed op peil halden ha?
We sille it sjen! 
Oant moarn. 
Groetnis,
Marten


Harm Auke (2)
Wij komme noch efkes werom op  it eardere berjocht dat de skoarde doelpunten fan Harm Auke Dijkstra mooglik ûnjildich ferklearre wurde. Wij hiene wat fernommen fan it net beteljen fan de kontribúsje en de regleminten skriuwe dan foar dat it net telt. Nei’t no bliken docht hat Harm Auke yndie noch nea kontribúsje betelle. Oan de dei fan hjoed wurdt it ôfskreaun fan de rekken fan ……mem Dijkstra. Dy hat har nocht dêr wol ôf, ek yn ferbân mei de kredytkrisis. Wij seagen heit Dijkstra sneon al meidielen yn de bak bitterballen fan Bruinsma.
Harm Auke hat Koos Plantinga gelyk belle dat it no oars moat. Hij freesde dochs wol dat syn doelpunten ôfpikt waarden en dat soe sûnde wêze nei al dat hurde wurkjen.
Jappie Wijnia tekent protest oan d=tsjin dizze gong fan saken.

Topskoarderslist
Wij kinne jim no wer wize op de
topskoarderslist. Noch altiten boppeoan Harm Auke , op de foet folge troch goed-âld Jappie Wijnia.

Bij nacht

Wij koene sneon noch krekt op tiid de einstân fan SDS 6 op de foto krije. Sokke plaatsjes krije je at je om 16.15 begjinne.

Treffers te plak ?

Wij hope fansels dat alle Treffers te plak komme. Jacob Sjirk krige sneon de Treffers mei fan Waaksens en Lollum. Der wie mar ien manier om der foar te soargjen dat er se net fergeat fanút de kantine: de tillefoan der boppe op lizze. Wij geane der fan út dat de Treffers harren plak fûn hawwe.

Knappe goal
Yn Italië foel dit wykein in knappe goal: