SDS en it keunstgers

Foeke Reitsma tekent by en is der ek foar oaren!
27 februari 2017
Weppers woansdei 1-3-2017
1 maart 2017

Fansels folgje wy de berjochtjouwing oer it keunstgers op de foet. Sa koenen jim 3 wiken lyn in ferûntrêste útsjoering fan Zembla sjen.
It RIVM reagere hjir as folcht op; sjoch hjir.
Der is ynmiddels ek útslach kommen fan in grut Europeesk ûndersyk; sjoch hjir.

Wy bliuwe dan ek by it standpunt fan it RIVM (sjoch hjir).
De jeugd fan SDS traint noch altiten hegút ien kear yn de wike op keunstgers en spilet pas fanôf de JO13 harren thúswedstriden op keunstgers.

Fansels is der de útstjoering fan Zembla, mar der binne ek noch altiten oare lûden dy ’t efter it RIVM stean.
Sa fine dizze wittenskippers dat wy net ûnnedich yn panyk reitsje moatte; sjoch hjir.

Ek it GGD GHOR, de oerkoepelende organisaasje fan de gemeentelijke sûnenstsjinsten, komt mei itselde advys nei oanlieding fan de útstjoering fan Zembla; sjoch hjir.

Mochten je der dochs problemen mei hawwe dat je bern op keunstgers fuotballet lit it ús dan witte.

Willem Wijnia
foarsitter vv SDS
út namme fan it bestjoer fan vv SDS