Weppers woansdei 1-3-2017

SDS en it keunstgers
28 februari 2017
Weppers tongersdei 2-3-2017
2 maart 2017

SDS’ers derop út!

Marten, Dirk-Yde en Dirk binne it wykein yn Dútslân west om dêr op sneintemiddei te genietsjen fan Schalke 04 – Hoffenheim. De âld-Hearrefeaners Uth en Huntelaar dienen net mei en it waard úteinlik 1-1. Al freegje wy ús ôf as Marten en Dirk-Yde wol wat sjoen hawwe, want dy wienen mear dwaande mei de wedstryd 300 kilometer fierderop (Feyenoord-PSV) en net fan harren tillefoan ôf te slaan.

Oefenje

SDS 1 sil sneon om 16.45 oere thús oefenje tsjin sneinstwaddeklasser Emmeloord 1. By Emmeloord is âld-SDS-trainer Dick Schuurmans de haadtrainer.

Kompetysje of oefenje?

SDS 2 mei kommende sneon ynhelje út tsjin De Wâlde 2. Mocht dit net trochgean dan oefent SDS 2 thús om 14.30 oere tsjin Foarút 2.

Stim op SDS!

SDS docht mei oan de sponsermuntenaksje by de Poiesz. Je kinne ekstra munten fertsjinje as je stimmen binnenhelje. Jim kinne hjir stimme. It is yn 2 tellen klear en it docht net sear. Je kinne sels ek noch Poiesz-weardebonnen winne. Net stinne, mar stimme!!
Oh, ja! Jim kinne trouens eltse dei stimme!
En stim efkes as hiel gesin!

Topskoarders per gemeente

VoetbalNoord is in prachtige side mei in soad nijsgjirrige saken. Sa kinne je ek sjen wa’t de topskoarder per gemeente is. Foar Littenseradiel giet it yn 2017 noch om twa klups en dêrom is de list ek tige oersichtelik. Sjoch hjir. It wurdt wol tiid dat Jelmer wer efkes oanset……

Harsens derby (1841)

As je al sokke kansen misse dan kinne je better op de kop stean gean en dûbeltsjes skite…………