Nijjiersresepsje op sneon 7 jannewaris! Jou je no op!

Weppers tiisdei 20-12
20 december 2016
Weppers tongersdei 22-12
22 december 2016

Foar eltsenien dy ’t wat mei SDS hat!

Nijjiersresepsje 2.0.

Sa as alle oare jierren wurdt it nije jier by SDS iepene mei in nijjiersresepsje. Normaal sprutsen wurd hjirby de snertrin organisearre. De animo hjir foar sakke de lêste jierren, dus is der no wat oars betocht. Dit kear hâlde wy op sneon 7 jannewaris in nijjiersresepsje mei in mikstoernoai 7-tsjin7 foar alle fuotballers en fuotballeafhawwers út Easterein en omjouwing. Fanôf in oere of 13.00 oere meie de senioren fan it 1e, 2e, 3e, 4e, de A’s en B’s, de VR en de Efkes Ballers (sawol manlju as froulju), mar ek âld-SDS’ers of supporters stride mei en tsjin elkoar om prachtige prizen.

Supporters binne fansels ek fan herte wolkom!

Fuotballers kinne harren opjaan oant 1 jannewaris mei help fan dit formulier!
It kin ek by je leider of trainer.

Foar lju dy ’t leaver wat oars dogge is der in klaverjastoernoai of je kinne fanút de kantine in eintsje te rinnen.
Klaverjassers kinne harren opjaan oant 1 jannewaris mei help fan dit formulier!

Afbeeldingsresultaat voor snertrin sds Afbeeldingsresultaat voor klaverjassen sds

Ien en oar sil ôfslúten wurde mei muzyk fan Sipke de Boer ûnder it genot fan in hapke en in snapke!
Afbeeldingsresultaat voor klaverjassen sds

Foar elts wat tochten wy sa!
Wy binne der wis fan dat it in alderaardichste dei wurdt!

Oant 7 jannewaris!!

Mei groetnis fan de aktiviteitenkommisje;
Gerry-Edou Mollema, Hester Kingma, Jacob-Klaas Haitsma, Elger Turksma, Jesse van der Weide of Allert Turksma.