Weppers tiisdei 20-12

RIVM: ‘Feilich om op keunstgers te fuotbaljen’
19 december 2016
Nijjiersresepsje op sneon 7 jannewaris! Jou je no op!
22 december 2016

SDS JO15-1 – LSC JO15-2 4 – 1

Ferline wike wurde der yn Ljouwert spyle foar de KNVB beker. Cambuur tsjin AJAX, utslach 2 – 1. It grutte AJAX ferliest fan Cambuur, hoe kin dat no ? Dit kin neat oars weze as underskatting. Wy spylen ofrune sneon tsjin de nummer lest, mar fan underskatting wie gjin sprake want der hiene we de mannen goed foar warkoge. We hiene in grutte seleksje fan 16 man, want Kevin den Haan en Gerrit Gaastra wiene der ek by.
Under lieding fan de prima fluitsjende skeidsrjochter, begongen we goed oan de wedstriid. We brukten goed it middenfjild en lieten it baltsje moai rungean. It die wol blyken dat dit in oare/bettere ploeg wie dan de utwedstriid destiids. We binnen wol better en yn de 11e minut makket Stan de 1-0. We krije mear kansen, mar witte foarearst noch net te skoaren. Sa no en dan komt LSC der gefaarlik ut, mei hun snelle, beweeglike spitsen. Healwei de 1e helte makket de spits fan LSC de lykmakker. Earlik is earlik, dit wie in prachtige goal, wer net ien fan us wat oan dwaan koe. Krekt foar rest makket de goed spyljende Anco de 2 -1. Ut in hoekskop draait hy mei syn linker de bal yn 1 kear yn ‘e goal. Yn de twadde helte komt Gerrit Gaastra op de rjochtbuten derby. It earste balcontact fan Gerrit is prachtig. Mei in loepsuvere stekbal set hy Merijn allinich foar de keeper. Merijn bliuwt restich en makket behearst de 3 -1. Uteindelik makket Stan ek noch de 4 -1. Prima wedstriid, de mannen ha wer in beste prestaasje delsetten. Speciale tank oan Gerrit en Kevin die ús hiel goed holpen ha. En no it winterskoft yn mei 20 punten en it 6e plakje; dit fielt wol hiel lekker. Op nei de twadde seizoenshelte !!!!
Theo

sc Bolsward 4- SDS 1

Jûn makket SDS 1 seal de wedstriidagenda fan 2016 hielendal leech. Sij spylje om 20.00 oere yn de sporthal fan Boalsert.

De seal yn!

SDS 4 sil woansdeitejûn de seal wer yn fan 21.00-22.00 oere. De froulju fanVr.1 sille sneon de seal yn fan 10.00-12.00 oere.

Traine

Wylst SDS 1 en 2 al neat mear traine, hawwe de mannen fan SDS 4 der noch in bult nocht yn. Woansdeitejûn traine sy yn de seal en tongersdeitejûn sille sy op it keunstgers. Dat belooft wat foar de twadde helte fan de kompetysje!

Oefenje

SDS JO15-1 sil jûn om 20.00 oere op it keunstgers oefenje tsjin JO15-2.

De Treffer

De Treffer leit wer by ús haadstiper Drukkerij Van der Eems en as it meisit dan leit der mei de feestdagen by jim op de matte.

Krist

krist-stoelwinder
As F, E en D pupil wie Krist Stoelwinder út Kûbaard aktyf bij SDS.  Hij wie doe sels de ienige ynternational bij SDS. Aardich is om te sjen dat hij sneon ferslachjouwer wie bij Harkema foar de Ljouwerter Krante.

Harsens derby (1808)

‘Oan de kant, ik sil in frije traap nimme………….’