Troch al dy krystfieringen is der net in team dy ’t fannemiddei yn de seal traine kin yn Easterein fan 17.00-18.00 oere. Mocht der dochs noch in team wêze, nim dan efkes kontakt op mei Tjerk van de Pol.
SDS 4 sil jûn wer los op it keunstgers. Sy traine om 20.00 oere.
Hasto dy al opjûn foar it fuotbalmikstoernoai of it klaverjassen op sneon 7 jannewaris?
Doch it hjir!
Hjoed hawwe wy foar jim noch net de einstân fan de SDS-League. Dizze sil bekend makke wurde op de nijjierssit op sneon 7 jannewaris rûn in oer as 18.00 oere.
Ôfrûne sneon binne der ek foto’s makke op it krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Wy kamen ferskeidene (âld-)SDS’ers tsjin. Hjir kinne jim alle foto’s op Facebook besjen.
Knap binnenhâlden fan dy keeper…………