Ynleverjen SDS-League ferlingd!

Weppers tiisdei 16-9
15 september 2014
Weppers tongersdei 18-9
18 september 2014

Om ’t de SDS-League in wik lang net yn te fullen wie fia de webside en de ynfulformulieren yn de kantine hieltiten poater wienen hawwe wy unanym besletten om de ynskriuwdatum foar de nije SDS League mei in wike te ferskowen.
Wat wy mei de punten fan ôfrûne wykein dogge sizze wy net, mar it komt goed.

Ynleverje bliksem!

De spilerslist kinne jim hjir fine.


De útlis en de puntentelling foar de earste helte fan it seizoen 2014/2015 kinne jim
hjir fine.

Jim team moat no dus ynlevere wurde foar
sneon 20 septimber foar 19.00!

Mochten jim noch foutsjes ontdekke yn de nije spilerslist mail it dan efkes nei
sdsleague@vv-sds.nl.
(wy meitsje de list mei help fan
Voetbalmanager.nl)


As je oan de earste helte meidien hawwe dan dogge je automatysk mei oan de twadde helte.

Je team moat bestean út:
1 keeper
4 ferdedigers
3 middenfjilders
3 spitsen

Je meie net mear as ien spiler per klup opstelle.

De kosten binne €12,50 per seizoenshelte.

Jimme kinne jimme teams wer ynleverje by:

Durk Okkema, Sjaardaleane 7, 8734 HP Easterein
of
by

Willem Wijnia, De Homeie 27, 8731 EC Wommels.


Ek kinne jimme jim team maile nei:
SDSLeague@vv-sds.nl


De stân kinne jimme eltse wike neilêze op dizze webside en eltse tongersdei hinget de nijste stân
yn ‘e fuotbalkantine.