Weppers tongersdei 18-9

Ynleverjen SDS-League ferlingd!
16 september 2014
Weppers freed 19-9
18 september 2014

Yn ‘e hobbel………
De SDS-side is noch altiten yn ‘e hobbel.
Sels kinne wy hjir net folle oan dwaan.
Jim merke fansels as it wer better is.
Wy hoopje foar it wykein noch.

SDS League
No ’t jim dochs net hieltiten op de SDS-side hoefe te sjen foar SDS-nijs hawwe jim moai wat tiid oer om de SDS-League yn te fullen tochten wy sa. Ynleverje jûn of sneon yn de kantine by Willem of maile nei
info@vv-sds.nl!

SDS seal ûnderút
De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe tiisdei mei 6-2 yn Boalsert ferlern fan SC Bolsward 2. Sy meie no wer efkes in wike bekomme foardat sy op woansdei 1 oktober harren earste thúswedstryd hawwe. Sy meie dan tsjin de Boalserters fan RES 1.

Programma sneon 20-9
It thúsprogramma foar kommende sneon kinne jim
hjir fine. It útprogramma kinne je fine troch loftsboppe te klikken.

SDS B2 nei Ljouwert
Neffens it programma fan hjirboppe meie de fuotballers fan SDS B2 jûn út nei Blauw-Wit B3. De wedstryd sil dan om 18.30 begjinne.

Alderaardichst
fashion2

Harsens derby(1336)
Harm-Auke kin sneon ek moai efkes yn it muorke: