WK-Weppers freed 11-6

Weppers tongersdei 10-6
9 juni 2010
WK-weppers sneon 12-6
12 juni 2010

SDS WK-League
Rekkenje der mar op dat wy hjoed de hiele dei noch wol dwaande binne mei it ynfieren fan alle
SDS WK-Leagues. Mochten jim noch ien lizzen hawwe, bring him dan foar 15.00 by Aant of Willem.

WK-kontrakt
Wylst wy dwaande binne mei it ynfieren fan de SDS WK-Leagues kinne jim de frou noch moai efkes
dit WK-kontrakt tekenje litte.

SDS-WK-League-stress
Om by te kommen fan al dy SDS-WK-League-stress liket it ús in goed idee om moarntejûn efkes te bekommen mei in stikje noflike musyk. It sil wol Kûbaard wurde. Op Pimpop spylje dêr de mannen fan Tsjettel foar de lêste kear…….. Oh ja en jûn fansels nei
Bad Religion yn de Melkweg….

WK-Tip
Jan-Rinse Blanksma hat in moaie tip. No ’t wy it WK-oersjoch wat kwyt binne troch dy SDS WK-Leagues hat hy in prachtige webside foar ús fûn om alles op in WK-rijtsje te krijen. Wy fine dit
WK-oersjoch wier de muoite wurdich.

WK-bal
Sa foar it WK binne se net sa wiis mei de nije WK-bal. Wy hawwe al heard wêr ’t de bal it meast op liket as je him fuortsjitte. It hat it meast fan “in dronken postdo”.

WK-ferslach
Juster waard der foar de twadde kear dizze wike in WK fuotballe yn Wommels. Dat wie noch net earder slagge de ôfrûne wiken. Fansels stie dit WK hielendal yn it teken fan de ferkiezings:
Bram van Beem: “Wûn no wol as CDA’er en lei mar in pear kear op syn zetel”.
Henkie Henkie: “Echte Cohen-man”; “Tuerlik, das in Ajacied”.
Jacob von W.: “PvdA fansels – Partij voor de Ajacieden”.
Gerlof Jan: “Helpt as PVV’er it lân nei de gallemiezen en as keihurde back en menich fuotballer”.
Eeltsje: “Pechtold fyn ik sa ’n machtige fint…..”
Sjoerd: “Libbet yn Andere Tijden”.
Sytse: “Wie noch stiif rjochts of links fan it foarige WK”
Mark: “VVD – Vrij Vaak Dominant”

Harsens derby (230)
Je steane yn de WK-finale en mei noch 2 minuten op de klok stiet it noch 0-0an dan krije je dizze kâns………..


Letter……………