WK-weppers sneon 12-6

WK-Weppers freed 11-6
11 juni 2010
Wk-weppers snein 13-6
13 juni 2010

SDS WK-League
Freedetemiddei om 15.00 oere slúte de termyn foar it ynleverjen fan de WK leaugue formulieren. En sa as altyd binne der guon bij dy’t lêst binne. Wij hiene dêr fan te foaren al wat in ynskatting foar makke en it kaam aardich út. At jim in idee hawwe wa’t dat binne mail it ús. Peter, Sjoerd, Jaap, Jan en Lisanne meie net meidwaan om dy fraach te beantwurdzjen.

Earste tuskenstân
Moandeitemoarn komme wij mei de earste tuskenstân.  Dan binne der genôch wedstriden spile om de earste konkluuzjes te lûken. Boppedat moatte wij tusken al drokten yn (fuotbal yn Dronryp, de Keunstroute, Pimpop, Wk wedstriden sjen) de formulieren allegear noch ferwurkje.

Grut skerm
Sneon 19 juny, at Nederlân spylje moat is der in grut skerm opsteld yn de Skoalleseize. Elts dy’t wol kin dêr it fuotbal sjen. Der is in mega skerm en der wurdt in arena opboud. Elts is wolkom en de tagong is fergees.

Midsimmercup
Hjoed is yn Dronryp wer de Midsimmercup. Hast itselde ploegje SDS’ers wat yn Koudum west hat sil ek nei Dronryp. Dit binne Harm, Feite, Tsjipke, Jaap, Skelte en Willem. Tsjalling sil ek noch mei as joker en Floris sil it team leide. 
Hjir kinne jim alles fine oer de Midsimmercup. 

Miracle of Grass
Hjoed spylje de Ingelsen tsjin de VS. Dat diene se ek yn 1950 en dy wedstriid krige de bijnamme de
Miracle of grass.

Harsens derby (231)
Yn Congo is Ilunga Mwepu (Mwepu Ilunga mei ek) in echte cult-held. Hy die yn 1974 mei oan it WK yn Dútslân mei Zaïre(no Congo). Hy wie doe noch net hielendal op de hichte fan de spulrigels: