Weppers tongersdei 10-6

Weppers woansdei 9-6
8 juni 2010
WK-Weppers freed 11-6
11 juni 2010

WK formulier
En sa streame de WK formulieren langsum binnen. Wij kinne no al konkludeare dat Nederlân wol wat favoryt is bij de dielnimmers. Mar foar Igor Kalinowski is it in twadde kar. Hij set der bij: “Nederlân, omdat Poalen net mei docht.”

Barbekjoe
SDS 1 sil freed it seizoen nochris écht ôfslúte. Sy sille freedtejûn barbekjoe op de Skoalleseize.

Midsimmercup 2010
Sneon sil SDS mei in ploegje meidwaan oan de Midsimmercup yn Dronryp. Sy hawwe harren earste wedstryd om 12.00 tsjin Stiens. Sa sjocht de hiele poule derút:
Poule H
Akkrum
Avanti
Stiens
Futsal Marum
SDS

Folgje mei Foppe de WK!
Fan it Foppefûns krigen wij in nijsgjirrich berjocht.
Ljouwert – Mei de WK giet der ek in Frysktalige SMS-tsjinst fan start. Foppe de Haan jout eltse dei – yn it Frysk –  fia SMS ynformaasje oer de wedstriden en omballingen. In unicum yn Fryslân.
De âld-trainer fan SC Heerenveen sil de oanmelders ekstra omtinken jaan oan it Nederlânsk alvetal.
De Fryske SMS-tsjinst kostet € 0,25 foar elts ûntfongen berjocht. De helte fan dat bedrach giet nei it Foppe Fûns. Dy stifting hat as doel om finansjele middels te skeppen foar aktiviteiten fan bern dy’t help nedich hawwe om te sporten.
Op ien dei ûntfangt de abonneminthâlder maksimaal 3 SMS berjochten. It lêste berjocht fan Foppe komt op 12 july 2010, in dei nei de finale. Fia in SMS nei it nûmer 4411 mei de tekst ‘Skilje Foppe AAN’ wurdt it abonnemint aktivearre.
Mear ynformaasje oer de Fryske SMS-tsjinst is te finen op
www.skilje.nl/foppe.
Mear ynformaasje oer it Foppe Fûns is te finen op
www.foppefonds.nl.

Opfallend


Wereldkampioen?
Ien ding is wis. Mocht Argentinië wereldkampioen wurde mei Maradonna dan makket it dus ek neat mear út wa ’t de trainer is om prizen te pakken. It ienigst wat je dan kinne moatte is in goeie Cubaanske sigaar smoke. Ús konklúsje is dan ek dat as Argentinië wereldkampioen wurdt dan wurdt Jelle de Jong de folgende trainer fan SDS:


WK
Jûn wer it Wommelser Kampioenskip. It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels. Foar degenen dy ’t de SDS-WK-League noch net ynlevere hawwe dy kinne him jûn moai meinimme.

Harsens derby (229)
Jaap Toering hat leaver net dat wy dit filmke op de webside sette, want as eltsenien dizze 2e goal fan Spanje tsjin Poalen(6-0) sjocht dan set eltsenien Spanje as Wereldkampioen yn de SDS WK-League. Wy begripe wat der bedoelt:



Letter miskien mear!