WK tongersdei 7 july

Offisjele iepening sportkompleks
8 juli 2016
Einstân EK league SDS
11 juli 2016
Wommelser Kampioenschap tongersdei 7 july
Nei de grutte opkomst fan moandei te jûn wiene der fanne jûn “mar” 14 man oanwêzich. Foarôf waard der sprutsen oer team donker tsjin team ljocht, mar om gjin problemen te krijen mei Sylvana Simons en har politieke partij Denk, halde wij it mar op team hesje en team sûnder hesje. 
De 14 man die der wiene waarden als folgt ferdield oer twa teams: 
Team sûnder hesje:   Bote, Erik, Jacob Klaas, Pieter, Teun, Wiebe en Willem.
Team hesje:    Eeltje, Elger, Hendrik, Jaap, Lourens, Ralph en Sytse.
Ik wit net at it no lei oan it gers, dat neffens de measte oanwêzigen te lang wie of dat it lei oan de fjildslach fan ôfrûne moandei, it feit bliuwt dat it spultempo fanne jûn net hiel heech wie. 
At we sjogge nei it spul fan beide teams dan hie team sûnder hesje it measte balbezit en de measte kansen, mar hiene se ek lange tiid moeite om te skoarden. Mede ek trochdat teamgenoaten yn it paad stiene.
Team hesje beperkte har tot de counter en kaamden der sa no en dan sear gefaarlijk ut, wat resulteerde yn hachelijke mominten foar it doel fan team sunder hesje. De peal en latte brochten dan ek faak utkomst.   
Dêrneist wie it sa no en dan ek krekt comedy capers at je sjoche nei de bjusterbaarlijke wiize werop team sunder hesje it doel lange tiid skjin hald.
Nei in kertier spieljen waard de bân brutsen en skoarde Teun nei in foarset fan Bote de 1-0 foar team sûnder hesje. 
Hjirnei waard der grutendiels om en om skoard en trije kertier letter stie der in eindstand op it skoareboerd fan 6-4 foar team sûnder hesje. 
De winnende goal waard úteinlik ek skoard troch team sûnder hesje. 
Teun waard op de linker side oanspiele kapte syn tsjinstander ut en sette foar op Bote, die mei in Wim Kieftje de bal yn it doel kopte!!        

Wat foel der fierder op: 
• It debút fan all star Sytse H yn it Harry’s tuincentrum shirt.  
• Dat Erik net faak de bal ôfjout, mar at der dit docht dit it leafst docht oan Teun. Ut it boek de biechten fan Erik psalm 345 vers 1. 
• Dat Jacob Klaas nog efkes oefenje moat op it jaan fan in cccrosssss bal of moat de rest mar beter beweegje sis it mar;  
• Dat Jaap op formidabele wize Jacob Klaas poort. 
• Dat it de Haitsma’s op it momint dan ek net mei sit (les it ferslach fan moandei).
• Dat Jacob Klaas poorten waard lei natuurlijk oan de rest fan it team.
• Dat Eeltje graag Jaap steunt yn de spits oftewol net graag mei ferdedigd.  
• Dat Willem Hendrik yn de lure leit mei in Cristiano Ronaldootje (bal achter it standbeen lans). 
• Dat de kwaliteit fan de goals op it WK omheech giet (hakbaltjes en kopballen).