Offisjele iepening sportkompleks

Weppers freed 8-7
8 juli 2016
WK tongersdei 7 july
8 juli 2016

Yn augustus kin der al op it nije keunstgersfjild fuotballe wurde, mar op woansdei 5 oktober wurdt it nije sportkompleks offisjeel iepene.
Dit bard mei in wedstryd tusken SDS 1 en sc Heerenveen ûnder de 19 (A1) om 19.00 oere!
 
Der leit dan in nij keunstgersfjild, in nij B-fjild en 
de klaaiboksen binne fernijd!
Foar dizze wedstryd sil de jeugdkommisje noch wat organisere, mar dat heare wy nei de simmerfakansje.

Hjoed binne der wer tal fan frijwilligers, wêrûnder û.o. Robert, Douwe-Dirk, Pieter Kamstra, Syb, Oetze, Wilco, Andries, Jan de Jong, Jacob-Klaas, Jan-Simon en Klaas Overal, drok dwaande west om de lêste stienen derút te heljen, putten te ferplaatsen en bannen rûnom it fjild te lizzen.
Dat betsjut dat kommende wike de stienen der wer yn kinne. 
Eltse jûn binne der sa ’n 5 man nedich 
om te straten/tegeljen. 
Jou je no op by Willem Wijnia 
(info@vv-sds.nl) of fia de app op 06-15560180
Jou efkes oan welke jûn(en) je it beste past! 

De A’s sille moandeitejûn mei 5 man strate/tegelje.
Je hoefe net strate te kinnen om helpe te kinnen. 
It binne 30 by 30 tegels en as je yn it ferline mei Lego boarte hawwe dan kin it al gau!

It doel is om eltse jûn in meter as 30-40 te straten. It stik foar de kantine wurdt troch Antea dien.
Op moandei 25 july wurdt dan de keunstgersmatte dellein.

Wy dogge it mei syn allen!