WK proai foar giele hesjes

Weppers freed 2-8-2019
2 augustus 2019
Weppers moandei 12-8-2019
12 augustus 2019


Ofrune moandei wie wer de tradisjoniele finale fan it Wommelser kampioenskip op it centre court fan Wommels, de Terp. It fjild lei der net al te knap by, mar der joegen de mannen neat om. De aldsten fan it stel mochten dizze kear de partijen kieze en de aldste fan it stel keas ferfolgens net op kwaliteit, mar op kleur. Dizze taktyk wurke dúdlik net, want de earste helte waard grandioas ferlern. Nei in koarte drinkpauze gie it better, mar it like of sparren de mannen sunder hesje harren foar de winnende goal. Ek dit joech gjin fertúten, want 2 minuten neidat de jacht op de winnende goal ynsetten waard lei de bal al tsjin it hek troch in goal fan goodold Jacob Klaas.

Gerwin, Wiebe, Willem, Matthijs, Marco,Pieter, Jelmer, Frank, Lourens en Jacob Klaas.