Weppers freed 2-8-2019

Keatswepper
29 juli 2019
WK proai foar giele hesjes
8 augustus 2019

‘Nije’ leden!

Ek simmers krije wy der noch wolris wat nije leden by. Wy hawwe wer wat nije jeugdleden der by en twa ‘âlde nije’ gesichten. Janieke Dijkstra hat har op ‘e nij by SDS oanmelden en ek Sjoerd Wiersma komt wer by SDS. Hy hat inkelde jierren by sc Bolsward fuotballe.

Noch 1 wike!

Nije wike sneon sil SDS 1 foar it earst wer traine. Sy pakke it lyk serieus op, want nei de training sil der by Marco Rijpkema barbecuet wurde en dêrnei sil de hiele A-seleksje nei Snits ta om de Snitswike te fieren!

Wedstriidprogramma

Wy sjogge tige út nei de nije kompetysjeprogramma’s fan it kommende seizoen. Wy moatte noch efkes geduld hawwe, want dêr komt de KNVB pas op 18 augustus mei.

Diego Maradona

Guon SDS’ers binne juster yn it útferkochte filmhûs yn Ljouwert west by de film oer Maradona. Nei in foarwurd fan Cambuurtrainer Henk de Jong seagen sy harren eagen út. Wat in film, wat in kariëre, wat in fuotballer! Wier in oanrieder om dizze simmer ris te sjen! Hjir kinst sjen wêr ’t hy noch mear draait.

Image result for diego maradona film leeuwarden

Harsens derby(2144)

 

Letter miskien wol mear!