Weppers moandei 12-8-2019

WK proai foar giele hesjes
8 augustus 2019
Weppers woansdei 14-8-2019
14 augustus 2019

Earste training SDS 1

Ofrûne sneon hat SDS 1 foar it earst wer traind foar it nije seizoen. Sy mochten lyk op de foto foar de krante. Der misse in pear op de foto troch fakansjes. Ek wie der ien krekt te let 😉

Earste training SDS 1 (2)

Neist SDS 1 trainden der sneon ek jongens fan de JO19-1 mei en die de keeper fan JO17, Anne-Klaas Bootsma, ek mei.

Earste training B-seleksje

Okke van der Kamp sil tiisdei foar it earst los mei de B-seleksje. Sy traine moarn om 19.00 oere. Dit jild dus foar de spilers fan SDS 2 en 3.

Studio Sport

Opfallende gesichten sneintejûn op Studio Sport by sc Heerenveen – Feyenoord. Wy herkenden namelijk 3 SDS’ers. Jim ek?

Jesse van der Weide, Inne Heerma, Lourens van der Pol en Gerwin Sijbesma litte harren opruie op Nije Noord troch Michel Vlap.

Wedstriidprogramma

Wy sjogge tige út nei de nije kompetysjeprogramma’s fan it kommende seizoen. Wy moatte noch efkes geduld hawwe, want dêr komt de KNVB pas kommende snein 18 augustus mei.

Harsens derby(2145)

Trainer Douwe Posthuma hie in alderaardichste oefening foar de mannen betocht!