Weppers

9 juli 2022

Weppers sneon 9-7-2022

Lytse poppe Marije en Eeltsje Postma hawwe tiisdei in lyts jonkje krigen. Syn namme is Hidde. Fan herte lokwinske! Hy liket no al op syn heit Transfer Stijn Schildkamp hat syn hiele jeugd by SDS balle en ferline jier begie […]
8 juli 2022

Kompetysje-yndieling SDS 1 en 2

De kompetysje-yndielings fan SDS 1 en 2 foar folgend seizoen binne bekend. Yn beide gefallen binne der gjin ferrassingen. SDS 1 kin geregeld op de fyts nei útwedstriden (sc Bolsward, vv Nijland, sf Deinum, Scharnegoutum en WPB) en hoeft mar […]
6 juli 2022

Programma SDS-jubileum op 2 en 3 septimber

Oer sa ’n 8 wiken en sille wy it 75-jierrich jubileum fan SDS fiere. It programma foar freed 2 en sneon 3 septimber sjocht der rûchwei sa út: Programma freed 2 septimber 2022 18:00 oere: Iepening troch de foarsitter fan […]
5 juli 2022

Oefenprogramma SDS 1

It oefenprogramma fan SDS 1 as tarieding op it seizoen 2022-2023 is klear. Tongersdei 4 augustus sille sy foar it earst traine ûnder lieding fan de nije trainer Remco Bervoets. De kompetysjeyndieling sil nei alle wierskynlikheid kommende freed bekend makke […]
4 juli 2022

Teamyndieling Mini league, JO8 en JO9

De lange ferwachte yndielingen fan de jongste jeugd Kontaktpersoan foar de Mini-league en JO 8-1, JO 8-2, JO9-1 en JO9-2 is Tjerk van der Pol (06-40614250)  
30 juni 2022

SDS-ers yn finale pelote

Ferline wike  en dizze wike wurdt der yn Littens wer striden om de wikselpriis “it pealtsje fan Easterlittens”. It pelote keatsen is in attraktyf spultsje om te sjen en it docht bliken dat der 5 SDS-ers aardich út de fuottten […]
23 juni 2022

SDS op de Midsimmercup

Sneon docht in ploegje SDS’ers mei oan de Midsimmercup yn Dronryp. Dit is in 5 tsjin 5-toernoai wat in moaie kombinaasje is tusken fjild en sealfuotbal. Wier de muoite wurdich om efkes te sjen. Poule H5: ONS Sneek LAC Frisia […]