Weppers sneon 9-7-2022

Kompetysje-yndieling SDS 1 en 2
8 juli 2022
Seleksjes senioaren 2022-2023
15 juli 2022

Lytse poppe

Marije en Eeltsje Postma hawwe tiisdei in lyts jonkje krigen. Syn namme is Hidde. Fan herte lokwinske!

Hy liket no al op syn heit

Transfer

Stijn Schildkamp hat syn hiele jeugd by SDS balle en ferline jier begie hy by SDS 2, mar troch syn oplieding ta ski-leraar yn Eastenryk kaam hy net folle oan keepen ta. Stijn hat no besletten om syn keeperskarriëre troch te setten yn Eastenryk. SDS hat de FIFA berjocht dien dat hy dêr wol los kin. Wy winskje him dêr in protte súkses ta!

Jongfeintepartij

Guon SDS’ers meie hjoed keatse op de Jongfeintepartij yn Easterein. Mei dit moaie waar wier in oanrieder om efkes op it sportpark te sjen. It begjint om 10.00 oere en de tagong is fergees.

Lokwinske!

Jilder van der Werf fan SDS 3 is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2379)

Ho!