SDS-ers yn finale pelote

SDS op de Midsimmercup
23 juni 2022
Teamyndieling JO10-1, JO10-2, JO11-1 en JO12-1
4 juli 2022

Ferline wike  en dizze wike wurdt der yn Littens wer striden om de wikselpriis “it pealtsje fan Easterlittens”. It pelote keatsen is in attraktyf spultsje om te sjen en it docht bliken dat der 5 SDS-ers aardich út de fuottten kinne op it doarpsplein yn Littens.

Nei wat omlopen en nei in heale finale trede se freed om 19.30 oere as it fiiftal fan Wommels oan yn de finale tsjin Bitgum. It jubileumfeest fan KF Wommels begjint foar harren iets letter mar miskien foege se der noch wat feestfreugde oan ta at se foar in tredde kear mei it pealtsje thúskomme?

Henk Bootsma wit hoe’t hij SDS-ers op de foto sette moat. Ek mei in lytse bal.