Programma SDS-jubileum op 2 en 3 septimber

Oefenprogramma SDS 1
5 juli 2022
Kompetysje-yndieling SDS 1 en 2
8 juli 2022

Oer sa ’n 8 wiken en sille wy it 75-jierrich jubileum fan SDS fiere. It programma foar freed 2 en sneon 3 septimber sjocht der rûchwei sa út:

Programma freed 2 septimber 2022

18:00 oere: Iepening troch de foarsitter fan vv SDS

18.30 oere: Ald-SDS 1 – vv Nijland 1 (1e helte) ûnder lieding fan skiedsrjochter Ale van Tuinen

19.00 oere SDS 1 – 75 jeugdspilers SDS

19.15 oere Ald SDS 1 – vv Nijland 1 (2e helte)

19.45 oere: Muzyk fan Sytse Haima

Programma sneon 3 septimber 2022

9.00 oere: Klinik sc Heerenveen foar de jeugd oant en mei de JO15.

13.00 oere: Mikstoernoai SDS’ers, âld-SDS’ers ensfh. fanôf de JO17 mei Wichard Deinum en Jappie Wijnia as wedstriidlieding.

17:00 oere: Priisútrikking

17.30 oere: Praatsje

18.00 oere: Barbecue fersoarge troch Murk’s Slagerij út Wommels

18.30 oere: Muzyk fan De Meesters

Der sil foar de bern in luchtkessen wêze.

Nije wike kinne jim de opjefte foar it mikstoernoai en de klinik fan sc Heerenveen hjir op de webside fine.