Weppers woansdei 9-9

Weppers tiisdei 8-9
7 september 2009
SDS League- en oare weppers
10 september 2009

SDS League
Sa ’t jim sjoen hawwe steane de nije dielnimmingsformulieren foar de SDS League op de webside. Jim teams moatte ynlevere wurde foar kommende sneon 12 septimber om 19.00. Jim hawwe dus noch 3 dagen.
De earste 15 teams hawwe wy al binnen.
Hoe earder wy de formulieren hawwe des te earder wy starte kinne mei de nije SDS League (y.p. kommend wykein).

SDS 1 jûn net nei Dokkum
SDS 1 soe jûn nei Dokkum ta om de ynhelwedstryd te spyljen tsjin Be Quick Dokkum. Wat wy heard hawwe giet de wedstryd net troch. De wedstryd wurdt no spile op tiisdei 15 septimber om 19.30.

SDS 1 op ‘e foto
Kommende tongersdei sil de earste seleksje (ynkl. Dhr. J. Von Wieren) op ‘e foto by de sponsor yn Boalsert.
Eltsenien wurdt derom om 19.00 yn ‘e klaaikeamer ferwachte. Omklaaie (blessearde spilers moatte de foutbalskoun wol efkes meinimme), yn ‘e auto en nei Boalsert.
Oanslútend fynt de trening plak (wol sels treningsklean meinimme, Dus it kin best wêze dat we ynstee fan 20.00 al wat earder begjinne mei it rin ABCDEFG fan de hear Dooitze N.
Dêrnei hawwe we gearkomste yn ien fan ‘e bestoerskeamers.
Groetjes
Dick


Jûn gjin trainen
De SDS-froulju hawwe net jûn trainen, mar freedtejûn om 19.30 yn Easterein. Beide trainers binne der namelijk op út.
Tsjipke Okkema


SDS seal 1 ûnderút
SDS seal 1 is der net yn slagge om harren earste wedstryd te winnen fan Workum 2.  SDS wie neat minder, mar wêr ’t Workum de bal 5x yn it netsje krige slagge SDS dit mar 1 kear(en dy rekke it net ek noch net iens). De keeper fan Workum wie net te passeren. Jan-Simon makke de goal foar SDS.

Keeperssjurt en -broek fuort?
Yn de kleantas fan SDS seal 1 sieten genôch wedstrydsjurts en broekjes. der siet allinnich gjin keeperssjurt en -broek yn. Wa hat se? Mail nei info@vv-sds.nl! Wy wolle se graach wer hawwe, want Jaap yn de bokser keepen sjen is ek net alles…….

SDS 3
SDS 3 traint tongersdeis om 19.00(en dus net om 20.00 sa ’t juster per ûngelok op de webside stie).
Jan

Foto’s
Leider fan SDS E4 Hans van der Schaar hat ôfrûne sneon alle spilers fan syn team op de foto sette en nei ús ta maild. Hjir binne wy tige wiis mei. Wy soenen graach sjen dat mear leiders, heiten, beppes, memmen, omkes, buorlju of pakes dat dienen. It soe moai wêze as wy fan alle SDS’ers in foto hienen. Mail de foto’s nei info@vv-sds.nl of sds-nijs@home.nl. Wy sette se dan sa gau mooglik op de webside. Hjir kinne jim de foto’s fan E4 besjen.

Sjonijs

Op SBS is alle jûnen in sjoprogramma wêr’t wij nea nei sjogge. Mar wij krigen no in tip dat der in SDS -er yn byld wie.

Klip op de foto en jim kinne sjen wat Gerlof Jan te fertellen. Om alle oare flaue kul oer te slaan, kinne jim begjinne op minút 11.30.

Mopke
SC Heerenveen spilet sneontejûn de Noardelijke derby tsjin FC Grins. Der is altiten ienige rivaliteit tusken dizze 2 klups. Wy krigen dan ek al in stikelich mopke binnen:
Een lerares lager onderwijs start op een nieuwe basisschool in Groningen. Op de eerste dag probeert ze een goede indruk na te laten op de kinderen, dus begint ze over voetbal, vertellende dat ze een Groningen-fan is. Ze vraagt de leerlingen hun hand op te steken als ze ook supporter van die club zijn. En ja hoor, alle handjes massaal de lucht in, behalve eentje…
Dus de lerares vraagt : “waarom steek jij je hand niet op?” Jantje antwoordt : “omdat ik geen Groningen-supporter ben”. De lerares helemaal verbouwereerd, bijna in shock, vraagt dan op gemene toon: “en van wie mag jij dan wel supporter zijn”? Jantje : ” ik ben een Heerenveen supporter en daar ben ik TROTS op!” De lerares kon haar oren niet geloven en vroeg hoe het kwam dat hij Heerenveen supporter was. De kleine : “omdat mijn moeder en vader Heerenveen supporters zijn, dus ben ik dat automatisch ook.” De lerares, die duidelijk geïrriteerd is, zegt: “maar dat is toch geen REDEN om een Heerenveen supporter te zijn? Je hoeft toch niet altijd zoals je moeder of je vader te zijn. Want stel dat je moeder een hoer is en je vader een verdwaalde homo, wat zou jij dan zijn ?!”
Jantje droog met een fijn lachje: “Tja, dan zou ik waarschijnlijk Groningen supporter zijn…”

Harsens derby (66)
Dizze keeper hat dúdlik syn kop der net hielendal by, al mei de goal der ek wêze: