Weppers tiisdei 8-9

Weppers moandei 7-9
6 september 2009
Weppers woansdei 9-9
8 september 2009

SDS League
Sa ’t jim sjoen hawwe steane de nije dielnimmingsformulieren foar de SDS League op de webside. Jim teams moatte ynlevere wurde foar kommende sneon 12 septimber om 19.00. Jim hawwe dus noch 4 dagen.
De earste 12 teams hawwe wy al binnen.
Hoe earder wy de formulieren hawwe des te earder wy starte kinne mei de nije SDS League (y.p. kommend wykein).

SDS 2
Foar de dúdlikheid noch efkes. SDS 2 traint tiisdeis om 20.00 en tongersdeis om 19.00.
Klaas Okkema.

SDS 3
Ek SDS 3 traint tiisdeis om 20.00 en tongersdeis om 19.00.
Jan

SDS seal 1
SDS seal 1 mei jûn foar it earst dizze kompetysje los. Sy spylje tsjin Workum 1 mei Jaap, Jan-Simon, Tsjipke, Tsjeard, Peter en Willem.

Net smoke
Sûnt ôfrûne sneon mei der net mear yn de dug-out smookt wurde. Hjir sille René Zijlstra, Klaas Okkema en Jan Stenekes net sa wiis mei wêze (klik hjir).

Sjoerd yn foarm
Sjoerd van Beem (SDS 3) is yn  grutte foarm. Net as doelman of fuotballer mar as toanielspiler. Sneintejûn seagen wij him yn Jorwert yn it iepenloftspul en dat is seker de muoite wurdich om dêr hinne te gean.

Yn it waar sjen
Dit wykein wie it rock en roll wykein op Skylge. Ien fan de rockers wie Pyt Paulusma. En at je dêr binne, dan sjogge je fansels ek efkes yn it waar. No docht Pyt dat wol faker mar wij tinke dat hij no yn oar waar seach. Ien fan ús murk dat freed gelyk. Sjoch
hjir.
Mar Pyt wit fansels wol wat hij docht. Hij lit him lekker ride. En lit dy sjoffeur no krekt in bekende fan ús wêze.

As in echt taksesjouffeur bringt dizze SDS 2 of SDS 3 spiler syn waarman nei de auto……

….hâldt de doar kreas iepen…. 

….en krijt útlis oer it pienter pookje…….

Knappe wissel
It wikseljen duorret langer dan it meitsjen fan de goal: