Evenementen in december 2022

Weppers woansdei 9-9
8 september 2009
Weppers freed 11-9
11 september 2009

SDS League (1)
Sa ’t jim sjoen hawwe steane de nije dielnimmingsformulieren foar de SDS League op de webside. Jim teams moatte ynlevere wurde foar kommende sneon 12 septimber om 19.00. Jim hawwe dus noch 2 dagen.
De earste 23 teams hawwe wy al binnen.
Hoe earder wy de formulieren hawwe des te earder wy starte kinne mei de nije SDS League (y.p. kommend wykein).


SDS League (2)
It kaam moai út dat Be Quick Dokkum 1 – SDS 1 juster net trochgie. No hoefde trainer Dick Schuurman net oer de opstelling nei te tinken en koe hy him moai ferdjipje yn syn team foar de SDS League. Justerjûn hie hy him klear.

SDS League (3)
Wy krigen ien SDS League binnen mei allinne mar Nederlânse spilers. Dizze dielnimmer liet witte dat it noch net sa maklik west wie om 11 Nederlanders byinoar te krijen. Wy wachtsje no op it team mei 11 bûtenlanders. Dit moat te dwaan wêze. In team mei 11 Belgen liket ús alwer wat dreger. Of 11 oarsgekleurden? Wy binne benijd.

SDS League (4)
Foar wa ’t it ferjitten wie:
-It meidwaan oan de SDS-League kostet €12,50
-Der is eltse wike in wykpriis fan €12,50
-De einprizen binne:

1e priis:           € 100               7e priis:           € 15    

2e priis:           € 75                 8e priis:           € 10

3e priis:           € 50                 9e priis:           € 5

4e priis:           € 40                 10e priis:         € 2

5e priis:           € 30                 Lêste:          Poedelpriis

6e priis:           € 20

20.30
It trainen fan SDS 4, 5 en 6 begjint jûn om 20.30 oere. It fjild is wol wat earder beskikber dus wa’t efkes hiel lang ynskoppe wol (of in team foar de SDS League meitsje) mei earder komme. Klaas Okkema hat wer in oantal pittige oefeningen yn syn kopke sitten, hawwe wij fernommen.

Fuotbalplaatsjes
De earste fuotbalplaatsjes binne by Hanzedruk fan de bân rolle(klik hjir).

De nije Johan?
Sommige (âld-)SDS’ers blike mear talinten te hawwen dan allinne fuotbaljen. Nim Douwe Kool. Hy probearet de “nije Johan” te wurden. En dan bedoele wy net Johan Cruijff (klik hjir).

SDS League (6)
Wa ’t je wol opstelle moatte yn de SDS League is net altiten like maklik. Wa ’t je net opstelle moatte is makliker: