Weppers woansdei 8-9-2021

Sneon 4-9-2021
3 september 2021
Seleksjes sneon 11-9-2021
10 september 2021

SDS seal spilet lyk

It sealteam fan SDS hat fannejûn foar it earst wer sealballe. Sy spilen mei 1-1 lyk tsjin NTW 2. It wie in moai lykopgeande wedstriid wêr ’t SDS yn de earste helte nei sa ’n 20 minuten op 1-0 kaam. NTW makke der yn de alderlêste minút 1-1 fan. Spitich foar SDS, mar sjoen de hiele wedstriid wol terjochte.

Jan-Friso lieder fan SDS 3

Nije in lange seleksjeprosedure hat SDS 3 úteinlik de meast geskikte opfolger fûn foar it duo Heerma & Heerma as lieder fan SDS 3. It is Jan-Friso Bruinsma wurden. Syn hiele jeugd fuotballe hy by SDS, mar troch in slimme knibbelblessure hat hy net lang by de senioaren fuotbalje kinnen. Hy jout syn fuotbalkarriëre no in nije draai troch fietder te gean as lieder/koach fan SDS 3. SDS 3 lit witte hjir tige mei ynnommen te wêzen. jan-Friso kin sneon lyk syn debút meitsje op de bank by Irnsum 2 – SDS 3.

SDS 3 hellet in ‘grutte fisk’ binnen.

Koach SDS 2?

Foar SDS 2 is der noch altiten net in fêste koach fûn. De fonken spatte der ôf op trainen by SDS 2 en de earste 3 wiken hat Bote Strikwerda net ûnfertsjinstlik by SDS 2 as koach op de bank sitten. No ’t it seizoen ek foar SDS 3 begjint giet Bote wer fol foar syn fuotbalkarriëre. It bestjoer fan SDS beriedt him noch op in oplossing.

Opknappe

It giet goed mei it herstel fan Lourens van der Pol. Neidat hy ferline jier opereard is oan de knibbel giet Lourens hieltiten mear foarút en traint hy ek alwer mei by SDS 1, al bliuwt hy út de duels. Mooglik kin hy foar de winterstop sels al wer by SDS 1 balje.

Kantine iepen

Tongersdeitejûns is de kantine fansels ek iepen. Moarn mei Stefan van Krimpen syn bakkeunsten sjen litte en miskien hat hy der ek wol wat te drinken by.

Iepenloftspul Jorwert

De SDS’ers Skelte Anema en Sjoerd van Beem binne de earste wiken fan it seizoen net op it sportkompleks te finen om’t sy wer meidogge oan it Iepenloftspul yn Jorwert. Yn it Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante stienen al geweldige resinsjes. Mochten je nijsgjirrich wêze nei it stik dan kinne je hjir miskien noch kaarten bestelle. It is tige de muoite wurdich!

De nije SDS-League

De earste teams foar de SDS-League rûgelje binnen. Ate wie earste en doe kaam Okke en ynmiddels hat ôfdieling Spannum syn teams ek al wer klear. No de rest noch. Lever je team yn foar kommende sneon 11 septimber 16.30 oere. Hoe mear der meidogge hoe leuker it is.

Harsens derby (2313)

As je it sa wolle dan slagget it je net……….