WK weppers 14-6-2026

WK weppers 13-6-2026
13 juni 2026
WK weppers 13-6-2026
13 juni 2026

De Top

Wij binne wer in 4 tal wedstriden fierder en de ferskowingen yn it klassemint gean mar troch.

Wij sjogge no ek de earste punten ferskinen fanút it topskoardersklassemint.

Vinicius skoarde foar Brazilie en der binne ferskillende dy’t dêr ek fertrouwen yn hiene.

Syn doelpunt tsjin Marokko levert 8 punten op.

Kerst op nû 7 hat Saibari op syn list setten.

Dat is in middenfjilder en syn doelpunt foar Marokko levert 16 punten op.

 

Nasu Boys fan Bertus Bootsma, RoMel United  fan Frans Pyter Terpstra en  Jil (Jildert van der Werf) diele de kopposysje mei 195 punten, folge troch trije 188-tigers.
Dy trije hawwe skoard mei it doelpunt fan Vinicius

De ‘flop’

 

Wij doarre it wurd flop noch net echt te brûken, want der binne tige wedstriden te gean.

It liket dat Ozzy ûnderoan stiet (wa hat yn fredesnamme syn formulier ynfuld, freegje wij ús ôf)
mar dat is net sa. Nû 71 is der ek noch.
Wij kieze der foar fanwege ‘útlaitsjen’ nû 71 net te melden.
Hij of sij wit sels wol, wat der mis gien is bij it ynfullen tinke wij of hij of sij komt izersterk werom yn de restearjende wedstriden