WK weppers 15-6-2026

WK weppers 14-6-2026
14 juni 2026
WK weppers 14-6-2026
14 juni 2026

Hjir alwer de nijste stân fan de SDS WK-League. Om de wike goed te begjinnen hjoed mar ris in folledige stân op de webside.

By de topskoorders hawwe de measten de topspitsen fan de wrâld keazen, mar as je fantefoaren de spulrigels lêzen hienen dan hienen je fêst oare keuzes makke.
In spits krijt namelijk 8 punten foar in goal, mar in ferdediger bygelyks 32 punten.
Wa’t Virgil Van Dijk der ynsetten hat is dan ek spekkeaper.


Matthijs Postma stiet boppe-oan mei Jaap Toering op in twadde plak.
Jelmer Posthumus stiet tredde en Marco Rijpkema stiet tegeare mei Auke Eringa fjirde.
Bertus Bootsma stie mei syn Nasuboys juster noch earste, mar moat it no dwaan mei in tsiende plak.


Jildert van der Werf stiet tolfde mei ‘(J)ongens (I)n (L)esbleus (D)ribbelen (E)nergiek (R)ichting (T)itel’.
Mei in fiere foarsprong de langste teamnamme.

De wepmasters dogge net folle foar elkoar ûnder. Dy mei it burd stiet 27e en dy mei dat bult hier stiet der ien puntsje boppe mei Forza SDS.
Dat ‘bult hier’ hat dus likefolle punten as ‘Kale Batser’ fan Lourens van der Pol.
Fuotbalferstân hat dus neat mei hiergroei te krijen.
Wêr dan ek.

Op nûmer 36 stiet de earste frou yn it klassemint. Nynke Beckers stiet krekt 7 puntsjes foar op de twadde frou yn it klassemint; Petronella Tolsma. Foar de tredde frou moatte jim in ein fierder sykje.


Frank Bervoets stiet 49e. Mei oare wurden; 13 plakken ûnder syn faam Nynke Beckers. Dat sil der hjoed noch wolris te hearen krije.


Wy freegje ús noch altiten ôf wa ’t Ozzy syn WK-League ynfuld hat want hy kin mar min by de ûnderste plakken wei komme.
Idsert Stenekes is ús jongste dielnimmer en stiet 70e.

Nûmer 71 litte wy efkes bûten beskôging. Dy sil fêst mei in plan komme en hjoed of moarn omheech sjitte.

Slagge

Mark Klijnsma lit witte dat syn tattoo sneon yn Ljouwert aardich slagge is 😉

Harsens derby (2392)

By SDS hawwe wy look-a-likes, mar yn Brazilië ek.