Seleksjes sneon 11-9-2021

Weppers woansdei 8-9-2021
8 september 2021
Sneon 11-9-2021
10 september 2021

SDS Mini-League

Moarn meie ús jongste leden ek wer los. Mar leafst 23 fuotballerkes meie  om 9.00 oere los op fjild 2.

mini league 2019-2020

SDS 1- CVO 1 (beker)

De twadde bekerwedstriid foar SDS. Tsjinstanner is CVO 1 út Froubuorren. Beide ploegen ferlearen de earste wedstriid. SDS mei 4-1 fan AVC en CVO mei 0-2 fan Minnertsga.
De wedstriid begjint om 14.30 oere.
De seleksje: 1 Mark, 2 Luuk, 3 Erik©️, 4 Gerwin, 5 Remco, 6 Pieter, 7 Teun, 8 Sjoerd, 9 Wesley, 10 Matthijs, 11 Peter, 12 Jelte-Pieter, 13 Douwe en 14 Hendrik.
Foar de wedstriid sil Henk Bootsma de mannen efkes op de plaat sette.

Balk 3- SDS 2 (beker)

Om 14.00 oere giet de twadde bekerwedstriid fan SDS 2 los. Balk 3 is de tsjinstanner yn Balk. Willem is moarn de Van Gaal fan SDS 2, neidat Bote der net yn slagge is in wedstriid mei SDS 2 te winnen 😉
De seleksje: Anco, Bauke, Eeltsje, Jort, Kevin, Lieuwe, Niels, Peter, Robin, Sietse, Sjoerd de V, Stijn, Tom, Wessel en Willem.

Irnsum 2- SDS 3

Sneinsklup Irnsum is no in sneonsklup en SDS 3 mei nei Jirnsum ta. Om 14.30 oere de earste kompetysjewedstriid. Dizze jongelju fertrekke moarn om 13.15 oere út Easterein:
Anne, Bote, Frank, Hendrik E(?), Jacob-Klaas(?), Jelmer, Jildert, Mark, Marten, Piter, Ralph, Sjoerd R, Stefan, Tsjipke en Yward. Jan-Friso giet mei as stasjêr-leider.
Anne, Bote, Frank en Jelmer ride.
Anne soarget foar de sjurts en de broekjes en Jetske wosket se út. Bote regelt de yntraapballen en de hesjes. Bote wurket Jan-Friso yn as nije leider en besjocht as Jan-Friso de leidersjas past.

Anne bringt hjoed alfêst de sjurts by de spilers om te sjen as sy noch wol passe. Op basis hjir fan wurdt de opstelling makke………….

Bakhuizen 3 – SDS 4 g.n.t.

Bakhuizen wie foarhinne ek in sneinsklup mar lit it no sjen op sneon. SDS 4 mei nei Bakhuzen foar de earste kompetysjewedstriid, mar slagget der spitich genôch net yn om 11 man byinoar te krijen.
Ekskúses oan Bakhuizen!

SDS 5 – Lions ’66  3

SDS 5 nimt it dizze kompetysje wol gauris op tsjin in Ljouwerter ploech. De earste wedstriid gelyk al. Lions ’66 3 is de tsjinstanner om 14.30 oere yn Easterein. Dizze mannen wurde om 13.45 oere yn de boks ferwachte.
De seleksje: Auke, Dirk, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Gert-Jan, Harm, Harm-Auke, Henk, Jan-Simon, Jeroen, Kerst, Klaas, Peter, Robert en Syb.
Daan flagget fansels!

SDS JO19-1 – SWZ JO19-2

Dizze wedstriid giet spitich genôch net troch. Ferline wike hie vv Scharnegoutum JO19-1 te min en no hat SWZ JO19-2 te min fuotballers.

SDS-League ynleverje!

Foar’t elkenien moarn baljen giet moat de SDS-League al efkes ynlevere wurde fansels! Dit kin moarn oant 16.30 oere yn de bestjoerskeamer. Yn de kantine lizze ek wol ynskriuwformulieren.