WK weppers 13-6-2026

SDS WK weppers
12 juni 2026
SDS WK weppers
12 juni 2026

Fuotbal sjen

Wij kinne ús net foarstelle dat der fan ús 71 dielnimmers ek mar ien is dy’t alles sjoen hat oant no ta.
Gelokkich hâldt Scorito alles bij en kinne wij moarns betiid gelyk sjen wat de nachtlike resultaten wiene en hoe’t wij skoard ha yn de poule.

Tuskenstân nei  4 wedstriden

Wij binne 4 wedstriden ûnderweis en it maksimale oantal punten wat je helje koene mei de útslagen te foarsizzen is 4 kear 45 punten.
180 punten dus. Us koprinner hat der 135 en hat dus 3 kear de goeie útslach foarsein.

Kerst, de technyske man yn it bestoer fan SDS, lit no efkes sjen dat hij net samar dy funskje beklaaid
Nei Kerst trije dielnimmers dy’t leaver inkognito bliuwe, oars betinke je net sokke nammen.
Pieter Sijtsma, Jelmer (Hanenburg), Sir Folkert Matthijs, Romel United en Tsjisse meitsje de top 10 fol

Poedelpriis kandidaten

It is miskien noch wat betiid om fan poedelpriiskanidaten te sprekken, mar wij doarre dat wol oan.
Nû 68 sil wil teloarsteld wêze dat hij net op 71 stiet
Mei 30 punten hawwe dizze ûndersten al ien “toto” goed hân.
Nûmer 71 stiet der net op, mar dy hat ek 30 punten.
Oh ja, dat is Allert……