Weppers woansdei 8-4

Weppers tiisdei 7-4
6 april 2009
SDS League: Klusser pakt wykpriis!
8 april 2009

Ôflast
Lody hat de trainingen foar de A- en B-junioaren ôflast foar woansdei 8 april 2009.
Groetnis,
Klaas


Topklasse
De KNVB wol yn it seizoen 2010-2011 graach 2 Topklassen ynfiere wêrfan de kampioen efentueel promofearje kin nei de Jupiler-League. Sjoch hjir foar it foarstel sa ’t it der no leit. Dit hat mooglik ek konsekwinsjes foar SDS 1. As sy folgend seizoen mei boppe-yn draaie yn de 2e-Klasse dan kinne sy sa nei de 1e-klasse promofearje.

Kalkje
Eltse freed wurde de linen fan SDS kalke troch twa frijwilligers fan SDS. Mochten je ek ris op freed frij wêze en efkes in moarnskoft helpe wolle mei kalkjen jou je dan op by Willem Twijnstra (klik hjir). 

“Mijn zoon”
Ôfrûne sneon moast SDS E4 thús tsjin Mulier E2. De mem fan Yward Zijlstra hie spesjaal in “spandoekje” makke mei de tekst “Mijn zoon”. Sa koe sy trots har “spandoek” omheech hâlde as Yward skoorde. Yn de twadde helte wie it eindelijk safier doe ’t Yward de 3-1 makke. Sy sprong op tusken de oare memmen fan SDS(en 1 heit fan Mulier) en makke trots in ererûntsje. By de 3-2 fan Mulier wie se it “spandoek” efkes kwyt. De trotse heit fan Mulier hie it út har hannen grist en makke ek in ererûntsje. Nei in ererûntsje fan Tom de Rechter syn mem bleaun it úteinlik 4-2. 

Aaipop
De ôfrûne jierren wurdt der troch de KNVB gjin ynhelprogramma mear fêststeld op peaskemoandei. Dit fansels om eltsenien yn de gelegenheid te stellen om nei
Aaipop ta te gean.

De dei dernei…
De spilers fan SDS 2 hoefe peaskemoandei fansels ek net te fuotbaljen. “Peasketiisdei” moatte sy al fol oan ‘e bak. Sy moatte dan jûns om 19.30 thús ynhelje tsjin Staphorst 2. It giet om de resterende 10 minuten dy ’t der noch spile wurde moatte. It stiet 2-2. Staphorst 2 is der alles oan lein om te winnen, want sy kinne by winst de 2e Perioade pakke.

Knap
SDS 2 is dit seizoen mei nammen dwaande om yn de Reserve 1e-Klasse te bliuwen. De lêste wiken fuotbalje sy knap en de rissultaten binne dêr ek neffens. Sy dogge it dan ek knap yn de 3e Perioade. Oan ’t no ta binne der 4 wedstriden spile en SDS 2 hat se alle 4 noch wûn. Sneon spilet SDS 2 út tsjin ’t Fean ’58. Dit is in drege tsjinstanner. ’t Fean ’58 stiet boppe-oan en giet foar it kampioenskip. Ek stean sy twadde yn de 3e Perioade, mar sy hawwe al de 1e Perioade al wûn.
Dit is de stân yn de 3e Perioade:

1. SDS 2 4 4 0 0 12
2. ’t Fean’58 2 4 3 0 1 9
3. Staphorst 2 4 2 2 0 8
4. Urk 3 4 2 0 2 6
5. Zeerobben 2 4 2 0 2 6
6. BCV 2 4 2 0 2 6
7. Blauw Wit ’34 2 4 1 1 2 4
8. ONT 2 2 1 0 1 3
9. Hardegarijp 2 3 1 0 2 3
10. Harkemase Boys 2 3 0 2 1 2
11. Leeuw. Zwaluwen 2 4 0 2 2 2
12. Drachtster Boys 3 4 0 1 3 1


AZ-kwis
Op de VI-kwis oer al dy Skotten hawwe wy gjin reaksjes hân. Wy fermoede dat dy kwis te dreech wie. Miskien is de folgende kwis makliker. It giet oer AZ. Wy binne benijd nei jim antwurden. Wy moatte oer 5 spilers efkes wat langer netinke (klik hjir). 

Knappe goal
Wedstriden yn de Earste Divysje binne by tiden de muoite wurdich. Der is b.f. altiten striid. Ek wurdt der sa no en dan noch wolris in knappe goal makke. Wat tochten jim fan dizze: