SDS League: Klusser pakt wykpriis!

Weppers woansdei 8-4
8 april 2009
Weppers tongersdei 9-4
9 april 2009

Nei in wykje rêst sjocht de wrâld der by tiden wer hiel oars út. Wy sjogge der dan ek net fan op dat dizze wike “Klussen is nijn leven” fan Ate-Feike de Boer de wykpriis pakt. Ate bleaun krekt 2 puntsjes foar op “Soks”(Richt Folkerts) en 3 op Durk Okkema.


Ate wiis mei syn dochter en wykpriis.

Mark Postma seid hielendal foar SDS 3 te gean no ’t hy net mear yn SDS 1 fuotballet, mar wy betwifelje it. Hy hat it noch nea sa goed dien yn de SDS League as no. Hy stiet dan ek boppe-oan. “Tsjeard”(Halbie) rjochtet him dúdlik genôch noch hielendal op SDS 1 en sakket nei it 3e plak. Wêr ’t Henk Postma him op rjochtet is ús net hielendal dúdlik. Hy sakket yn elts gefal fan 2 nei 4. Mark mei dus wer boppe sliepe.

“Team Toering” (Jaap) is hielendal yn ‘e war. Nei in jûntsje Pigmeat, in jûntsje Jimbar, wat kaarte en wat biljerte liket hy hielendal de kluts kwyt. Miskien dat hy nei in (klutst)
Aai(pop) de stijgende lijn wer wit te finen.

Ûnderyn de stân hawwe wy meiliden mei “Fyn sân”(Jan van Asselt) en “Molshopen”(Bauke Fopma). Op sokke trainingsfjilden soenen wy it ek net fier skoppe. Sy steane dan ek hast ûnderoan.

“Femme” (Ina Brouwer) stiet noch moai allinnich ûnderoan en makket him rêstich op foar de poedelpriis.



Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 7.