Weppers tiisdei 7-4

Weppers moandei 6-4
5 april 2009
Weppers woansdei 8-4
8 april 2009

A1 monsterskore
A1 helle sneon in monsterskore. Klaas Pompstra hie ien side nedich om te skriuwen wat er allegear barde. Jim kinne it 
hjir lêze.

Einde seizoen?
Tsjalling Sikma rekke sneon blesseard yn de wedstryd tusken d’Olde Veste 1 en SDS 1. Juster is hy by de fysio west om te sjen hoe ’t it mei syn ankel liket. Neffens syn berjocht op Hyves liket it net sa best:
kom krekt bij de fisio wei! Enkelbanden beschadigd (verrekt of ingescheurd) Daar staat ongeveer 4 tot 6 weken voor, dus waarschijnlijk einde seizoen!:-s

Ledengearkomst skiedsrjochters
Op útnoeging fan SDS komt de skiedsrjochtersferiening út Snits op tiisdei 26 maaie by de Skoalleseize har ledenfergadering hâlden. Om 21.15 sil skiedsrjochter yn it betelle fuotbal, Eric Braamhaar, sprekke.
Alle ferienings-skiedsrjochters binne wolkom.

Doelpunten

It is noch wat behelpen, mar  hjir is it doelpuntenoersicht fan de senioren.

Sealfuotbal
SDS 2 spile foarige wike thús tsjin Blauw-Wit 9. Opfallend wie it debút fan keeper Frans Stap dy ’t Johan Feenstra ferfong ûnder de latte om ’t dy yn de Arena nei Nederlân – Macedonië siet te sjen. Frans keepte knap mar koe net foarkomme dat de Ljouwerters mei 3 punten nei hûs ta gienen. SDS krige best wol kânskes op in puntsje of mear mar kamen úteinlik krekt te koart. Útslach: 3-4.
Moarntejûn spilet SDS 2 wer thús. Sy moatte dan om 20.00 tsjin Haskerland 6.

SDS League
De nije stân fan de SDS League is klear, mar wy moatte noch efkes sjen hoe ’t wy him op de webside krije. Moarntejûn kinne jim him hjir fêst besjen.

SDS-skoalfamkes
De SDS-skoalfamkes traine eltse moandei fanôf 16.30 ûnder lieding fan Sieta Tessemaker. Sy binne mei syn seizen en kinne der dus noch wol wat famkes by brûke. Meld je ek oan!(klik hjir)

Foto’s
It slagget ús ynmiddels wer om foto’s op de webside te setten (bestanden noch net). Sa koenen wy fannemoarn Michiel Zuidema tafoege by SDS F4:

Michiel is der sichtber wiis mei.

Lyts poepke
Wat in lyts poepke al net dwaan kin (klik
hjir).

Iets te enthousiast
Sergio Garcia fan Real Betis Sevilla juichde ôfrûne sneon iets te enthousiast neidat hy de 1-0 makke. Dit levere him úteinlik skuorde knibbelbannen op:



Miskien letter mear!