Weppers woansdei 7-5

Weppers tiisdei 6-5
5 mei 2008
Weppers tongersdei 8-5
7 mei 2008

Ekstra training
Bij C1 litte se neat oan it lot oer:
Extra training C1: a.s vrijdag 19.00 – 20.00 uur.
Als voorbereiding op de laatste en belangrijke wedstrijd van het seizoen, hebben leiders en trainer besloten voor de spelers van SDS C1 een training in te lassen. Op vrijdag 9 mei van 19.00 – 20.00 uur.
Die van afgelopen woensdag ging om praktische redenen niet door, wel vinden we het belangrijk om nog even de puntjes op de i te zetten. Tot vrijdag en zegt het voort C1!!

Earste oefenwedstryd
It frouljestrainteam hat jun har earste oefenwedstryd tsjin VV dames Heech. We spylje yn Heech om 19.30.
Sy binne ek krekt dit jier begun en ha ek allinnich mar traint dus spannend! Takom jier gean we al de kompetysje yn dus we kin moai efkes teste at we it wol twa kear 45 minuten fol halde.
Dizze froulju geane mei: Margriet Rienstra, Anne Marijke Posthuma, Tineke Kamstra, Hilda Bosma, Nynke de Boer, Cindy de Jong, Antje Stenekes, Yldau Wiersma, Geertje Spoelman, Grietje Meulenaar, Amarins Hendriks, Wiepkje Hiemstra, Simone Kingma, Anke van Asselt en us keepster liene we fan de famkes: Rianne Reijenga.
Groetnis Anke

SDS 1- Eems Boys 1
SDS 1 spile tiisdeitejûn de twadde wedstryd tsjin Eems Boys út Delfzijl. It waard in pot om nea wer te ferjitten. Wij binne tige benijd nei it wedstrydferslach fan Siem Sikma, dy’t hast ek mei read fuortstjoerd waard. SDS wûn mei 3-2. Doelpunten fan Tjalling en Hendrik twa kear. Yn minút 89 barde der fan alles: gjin strafskop, giel, read, giel, read, giel, giel, skiedsrjochter rint fuort, skiedsrjochter komt werom, giel, spiler der wer yn, oare der wer út…. 
Henk Bootsma makke wer hiel wat foto’s. Om jim in earste yndruk te jaan wat er barde , de earste searje. Letter sille jim mear foto’s sjen kinne op de side fan Henk Bootsma.

SDS hat krekt 3-2 makke en Anne Stenekes wol de bal meinimme nei de midden. De keeper fan Eems Boys tinkt dêr oars oer.


SDS krijt yn de lêste minút gjin strafskop, Hiel SDS is poer. Tsjipke Klaas hâldt him net stil en krijt read.

 
Nei allegear kaarten, sjocht de skeids it efkes net mear sitten. Hij rint fan it fjild om te bekommen.

Minnertsgea 2 – SDS 2
SDS 2 moast tiisdeitejûn nei Minnertsgea ta om in 4-2 foarsprong te ferdigenjen. Dat diene se prima, want nei in 0-0 rêststân waard it 1-3. Floris skoarde twa kear en Donny 1 kear. SDS 2 is troch.


Folgende ronde
SDS 2 spilet yn de folgende ronde tsjin Hardegarijp 3. De earste wedstryd is kommende sneon om 14.30 yn Hurdegaryp.

YVC C1 – SDS C1
C1 is noch net kampioen wurden. Sij hawwe dit jier alles wûn, mar YVC liket in “skytyndebroektsjinstanner”. SDS kaam foar mei 0-2 troch doelpunten fan Stefan Visser en Jan Friso Bruinsma. Yn de lêste 5 minuten gong it mis en kaam YVC lâns side.
Kommende tiisdei is no beslissend. Dan moat C1 thús.

SDS D1
Woansdei en tongersdei moat D1 fuotbalje. Dat is fansels hiel opfallend twa dagen efterelkoar. Noch opfallender is dat sij beide kearen tsjin St Jabik moatte. Beide kearen om 19.00 oere en tongersdei thús.

Heit en dochter
De famkes trainden tiisdeitejûn ek. Nei ôfrin koene se efkes yn de kantine útpûste. Dat kin oars net altyd. Maklik is it dan ek dat heit yn de kantine sit.  Hiel belangstellend komme de dochters dan efkes lâns en dan duorret it net lang of de linker of rjochterhân fan de heit giet efkes nei de kontbûse.

Letter hjoed mear!