Weppers tiisdei 6-5

Weppers moandei 5-5
5 mei 2008
Weppers woansdei 7-5
6 mei 2008

Eems Boys 1 – SDS 1
Siem Sikma hat sa as gewoan wer in ferslach makke fan de wedstryd fan SDS 1; hij neamt it in sneu ferlies yn Delfzijl. Sjoch hjir foar it ferslach. Hij ropt fansels ek elkenien op om jûn om 19.00 efkes fan it sintsje te genietsjen yn Easterein en SDS te stypjen foar de werom wedstryd.

SDS 5 tsjin WPB 4
SDS 5 spilet de lêste wedstryd fan it seizoen kommende sneon om 14.00 oere yn Snits tsjin WPB. Dat is in wike earder as op it programma stiet.

Froulju oefenje
It seizoen is hast dien, mar de froulju binne al dwaande mei it nije seizoen:
It frouljustrainteam hat woansdei har earste oefenwedstryd tsjin VV dames Heech. We spylje yn Heech om 19.30.
Sy binne ek krekt dit jier begûn en ha ek allinnich mar traind dus spannend! Takom jier gean we al de kompetysje yn dus we kin moai efkes teste at we it wol twa kear 45 minuten fol halde.
 
Dizze froulje geane mei: Margriet Rienstra, Anne Marijke Posthuma, Tineke Kamstra, Hilda Bosma, Nynke de Boer, Cindy de Jong, Antje Stenekes, Yldau Wiersma, Geertje Spoelman, Grietje Meulenaar, Amarins Hendriks, Wiepkje Hiemstra, Simone Kingma, Anke van Asselt en us keepster liene we fan de famkes: Rianne Reijenga.
Anke van Asselt

Muzyk yn bedriuw
Wa’t it juster net heard hat foar Omrop Fryslân, noch efkes in koart oersicht fan de plaatsjes dy’t de webmasters fan SDS útsocht hiene foar de frijwilligers fan de Skoalleseize dy’t mei de bou dwaande west hiene. De list wie ferline jier oktober ynstjoerd en is moandei 5 maaie draaid.
Wij zijn de jongens van de bouw – Bertus Staigerpaip
Kunnen we het maken – Bob de Bouwer
If I were a carpenter – Four Tops
Strjitlizzer -Briquebec
Paint it black- Rolling Stones
Money money – Pink Floyd
Heroes – David Bowie
Best genoch – Piter Wilkens
You never walk alone- Gerry and the Pacemakers
Mich yn é pot – Pigmeat
Kwestie van geduld – Rowwen Heze
Easterein – Sebeare

Twa Eastereinders yn de Arena
Moandeitejûn sieten der yn alle gefallen twa Eastereinders yn de Arena bij de wedstryd Ajax- Heerenveen. Prachtich dat je sa’n reis meitsje wolle om je favorite klup oan te moedigjen. Spitich dat dy favorite klup Ajax is:
 Eddy en Rients de Boer hiene in noflike jûn.

Letter hjoed mear