Weppers snein 4-10-2020

De nije Koronarigels
4 oktober 2020
Weppers woansdei 7-10-2020
7 oktober 2020

De echte supporter

Hij hie freed al efkes sjoen bij it sportpark. “Hoe kin ik op in fatsoenlike wize fan bûten it fjild de wedstriid folge? “. Konklúzje wie it skilderstrepke mar efkes mei en op tiid der wêze.

Anne Brouwer wie nei ôfrin tige tefreden oer syn trepke, syn plakje en it spul fan SDS1.  Hammie Westra tipte Anne noch al efkes oer in oare mooglikheid. Sjoch hjir

Wij tinke dat Brouwer dizze wike nei de polder giet om te sjen at hij der mei in trepke folstean kin of dat hij de ljedder of in boustiger meinimme moat nei Marknesse

Jelmer

Jelmer Posthumus stie op 63 kompetysjedoelpunten en miskien hie hij (en syn heit en syn mem) wol tocht dat it dêrbij bliuwe soe. Syn lêste doelpunt wie yn it seizoen 2018-2019 en hij skoarde dat seizoen mar ien kear. Mei it doelpunt fan juster der bij,  sit hij op 64 doelpunten. Moai dat heit en mem it op facebook besjen koene.

Sjoch hjir tsjin hokker klups Jelmer skoarde. Him meidwaan litte tsjin Oeverzwaluwen liket op foarhân al sukses fol te wêzen, want dat is syn favorite tsjinstanner

Se seagen it swURK driuwen….

Sneontemiddei, 5 minuten oer ienen kaam it tillefoantsje út Urk. “At se yn Easterein wol wisten dat Urk 6 út de kompetysje wie”. Nee, dat wisten se hjir net.  De earste spilers wiene al ûnderweis want at je út Noard Hollân komme om bij SDS 3 te fuotbaljen dan giet dat sa.  Ferslein stiene de mannen tsjin twaen bij de in leech fjild. Bij it earste sjen hie in opsje west, mar dat mocht fansels net. Dus waard er traind……

30 jier werom….

De lieder fan Oudehaske fenuvere it hielendal net dat Oudehaske 1 juster sûnder punten nei hûs ta gie. “It is wol 32 jier lyn dat wy hjir foar it lêst wûn hawwe’, sei der. Wy gienen op ûndersyk út en hy siet der net fier neist. Oudehaske 1 wûn foar it lêst fan SDS yn Easterein op 8 septimber 1990. 30 jier werom dus. Grutte man by Oudehaske wie doe Klaas Dijkstra. Hy makke twa doelpunten. Letter is hy trainer west by SDS.

Doelpunten

SDS1, SDS 2, SDS 4 en SDS 5 skoarden dit wykein respektivelik 3, 3, 2 en 5 doelpunten. Wa’t dit seizoen skoard hat bij de senioren kinne jim hjir sjen.

SDS-paraplu

De SDS-paraplu’s binne binnen! Ynkoarten mear hjir oer.

Harsens derby (2260)

Ho……